Fryslân: de provinsje fan toaniel yn ‘e iepen loft

18 apr 2017 - 13:56

Alles oer iepenloftspullen op Omropfryslan.nl/iepenloftspullen

Omrop Fryslân jout dit seizoen ekstra omtinken oan alle iepenloftspullen yn Fryslân. Net yn de kreaze klean op it sêfte plús, mar ûnder in tekkentsje, yn waar en wyn op hurde houten bankjes. Alle jierren wer komme der mear as sechstichtûzen besikers nei it Frysk toaniel yn de iepen loft.

Spesjaal foar dy minsken hat Omrop Fryslân in eigen plakje op de webside ynromme, Omropfryslan.nl/iepenloftspullen, mei alle ynformaasje oer de iepenloftspullen fan dit jier. Op dy pagina binne ek eksklusive filmkes te finen oer it stik, de lokaasje en fansels de hûnderten frijwilligers yn alle doarpen, dy’t spikerhurd wurkje om de moaiste stikken op de planken te bringen. Dêrnjonken makket Omrop Fryslân reportaazjes fan alle dielnimmende iepenloftspullen.

Fierder is Omrop Fryslân op syk nei entûsjaste leafhawwers, dy’t foar de Omrop de iepenloftspullen ôf geane om de stikken te resinsearjen. Opjaan kin fia it formulier op Omropfryslan.nl/iepenloftspullen.
 

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: tel. 058 299 78 76.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)