Fryslân 4045 | Wat de oarloch mei ús die (5)

01 maaie 2015 - 10:23

Fryslân DOK op snein 10 maaie

Nei oanlieding fan 70 jier befrijing wurdt de histoaryske dokumintêresearje ‘Fryslân 4045 | Wat de oarloch mei ús die’ útstjoerd. Yn fiif dielen wurdt in yngeand byld sketst fan de oarlochsjierren yn Fryslân. Yn de lêste ôflevering stiet de simmer fan 1945 yn Snits sintraal. Nei de befrijing yn 1945 duorren de befrijingsfeesten yn de Wetterpoartestêd folle langer as yn oare plakken yn ‘e provinsje.

By de befrijing fan Fryslân op 15 april 1945 krigen 800 Kanadeeske soldaten ûnderdak by Snitser húshâldens. Troch in grut tekoart oan skippen koene de soldaten net werom nei harren thúslân en sadwaande bleaune se sawat in heal jier. De Snitsers en harren befrijers fierden in lange befrijingsrûs. ‘’It wie in perioade fan sedeferwyldering. De oarloch wie oer en de minsken dy’t it oerlibbe hiene, woene it libben fiere,’’ fertelt Bonnie Okkema yn Fryslân DOK. Se skreau in boek oer dy simmer fan 1945 en de gefolgen dêrfan.

It lange ferbliuw fan de Kanadezen soarge yn 1946 foar in bertegolf yn de stêd. De bern krigen meast net in hertlik wolkom. De heiten wiene al wer nei hús ta, werom nei harren eigen húshâlding. De jonge memmen stiene der faak allinnich foar.

Fryslân DOK sketst in byld fan de earste jierren nei de oarloch. Fan de feestjes dy’t organisearre waarden. Fan de leafdes dy’t opbloeiden tusken Kanadeeske soldaten en Fryske famkes én de bern dy’t út dy relaasjes berne binne. Ien fan dy bern is Tiny Oosterhoff. Har mem moete nei de befrijing de Kanadeeske soldaat Vincent Smith, mei wa’t se in pear moanne ferkearing hie. Tiny waard yn 1946 berne. Nei in syktocht fan jierren yn Kanada fûn se har heit nei hast fyftich jier werom. Net folle letter ferstoar hy.

‘Fryslân 4045 | Wat de oarloch mei ús die’ is in projekt fan Tresoar, tv-produsint Wij van PS, it Fries Film Archief en Omrop Fryslân. Oan de tv-searje is de webside www.Fryslan4045.nl keppele, mei alderhande achtergrûnynformaasje oer de tema’s dy’t yn de dokumintêres sintraal steane. Foargeande ôfleverings út de dokumintêresearje ‘Fryslân 4045 | Wat de oarloch mei ús die’ binne werom te sjen fia http://www.omropfryslan.nl/fryslan4045.

Fryslân DOK: Fryslân 4045 | Wat de oarloch mei ús die (5)
Snein 10 maaie om 17.00 oere en dêrnei fan 18.10 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Televyzje. Ek te sjen op sneon 9 maaie om 15.35 oere en snein 10 maaie om 12.20 oere op NPO 2.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei programmamakker Gerard van der Veer: tel. 06 5182 9143 of de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: tel. 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)