Fryslân 4045 | Wat de oarloch mei ús die (3)

17 apr 2015 - 15:08

Fryslân DOK op snein 26 april

Nei oanlieding fan 70 jier befrijing wurdt de histoaryske dokumintêresearje ‘Fryslân 4045 | Wat de oarloch mei ús die’ útstjoerd. Yn fiif dielen wurdt in yngeand byld sketst fan de oarlochsjierren yn Fryslân. Yn dizze tredde ôflevering stiet de Arbeidseinsatz sintraal. Tûzenen Friezen reizgen ûnder twang ôf nei Dútslân om dêr yn benammen de oarlochsyndustry te wurkjen. De manlju dy’t dat oerlibben, waarden skoudere by weromkomst. Fryslân DOK dûkt yn de ferhalen fan dy manlju.

Johannes van der Heide waard mei noch tsientûzen oare Fryske manlju oproppen foar de Arbeidseinsatz. Hy hie gjin wurk en gjin útkearing om’t er wegere nei Dútslân te gean. Dútslân hie grut ferlet oan arbeidskrêften om’t de Dútske manlju massaal ynset waarden oan it front. Van der Heide gie dochs nei Dútslân om syn húshâlding ûnderhâlde te kinnen. Hy ferwachte yn trije moanne wêrom te wêzen. Mar oan de ein fan ‘e oarloch rekke er ferwûne by in bombardemint en ferstoar nei in lang siikbêd.
Nei de oarloch waard syn dochter Femke der ferskate kearen op wiisd dat har heit ‘frijwillich’ nei Dútslân gien wie en dat it dêrom syn eigen skuld wie dat er it net oerlibbe hie. Femke swijde har heit dea, oant se brieven fan har heit en mem út de oarlochstiid lies. Dêrnei skreau se in boek oer har heit: ‘’Doe’t dat boek ôf wie, hie ik einlings wer in heit. En hy in dochter.’’

Fierder de ferhalen fan Ale Brouwer (93) en Evert Heeg (90). Sy reizgen beide as jonge man nei Dútslân ôf om dêr ferplicht te wurkjen. Heeg hie gelok, hy mocht mei ferlof en is doe ûnderdûkt. Brouwer wie 3,5 jier yn Dútslân. Hy mocht oan it wurk by in bakker en waard opnommen yn in húshâlding dy’t neat fan it nazisme hawwe moast. Der is noch altyd kontakt mei dy Dútske famylje.

‘Fryslân 4045 | Wat de oarloch mei ús die’ is in projekt fan Tresoar, tv-produsint Wij van PS, it Fries Film Archief en Omrop Fryslân. Oan de tv-searje is de webside www.Fryslan4045.nl keppele, mei alderhande achtergrûnynformaasje oer de tema’s dy’t yn de dokumintêres sintraal steane. Foargeande ôfleverings út de dokumintêresearje ‘Fryslân 4045 | Wat de oarloch mei ús die’ binne werom te sjen fia http://www.omropfryslan.nl/fryslan4045.

Fryslân DOK: Fryslân 4045 | Wat de oarloch mei ús die (3)
Snein 26 april om 17.00 oere en dêrnei fan 18.10 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Televyzje. Ek te sjen op sneon 25 april om 15.35 oere en snein 26 april om
12.20 oere op NPO 2.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei programmamakker Gerard van der Veer: tel. 06 5182 9143 of de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân:
tel. 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)