Fryslân DOK - Knokke

01 sep 2015 - 11:39

Fryslân DOK op snein 13 septimber

Yn de Fryslân DOK ‘Knokke’ folget programmamakker Janko Krist twa kickboksers in pear moannen lang. It binne Tom de Smet (19) fan Ljouwert en Partick ‘Peye’ Veenstra (28) fan De Westereen. Harren coach Stefan Berkenpas spilet in grutte rol yn it libben fan de beide mannen.

Rjochtestudint Tom is ien fan de grutste kickbokstalinten fan Nederlân en dus ek fan de wrâld, want Nederlanners binne geweldige kickboksers. Hy kombinearret syn stúdzje mei de sport. In technyske fjochter dy't it ek yn de ring hawwe moat fan syn yntelliginsje.

Patrick bruts syn foet by in gefjocht. By him folget Janko it revalidaasjetrajekt. Mentaal is Patrick oersterk, want de measte minsken wiene ophâlden nei sa'n blessuere. Ek sette sponsors him ûnder druk: hy moat yn in spannend gefjocht prestearje om syn karriêre te behâlden.

De coach fan de boksers, Stefan Berkenpas, is miskien wol de bêste kickbokscoach fan de wrâld. Hy hat in sportskoalle yn Ljouwert: Mejiro Gym. Grutte fjochters út Amearika komme nei Ljouwert om troch him traind te wurden. Dêrneist fljocht hy de hiele wrâld oer om boksers te begelieden by wedstriden.

Fan de dokumintêre ‘Knokke’ wurde twa ferskillende ferzjes útstjoerd. Foar 20.00 oere is in oanpaste ferzje te besjen dy’t geskikt is foar alle leeftiden. Nei 20.00 oere wurdt de orizjinele ferzje útstjoerd.

Fryslân DOK: Knokke
Snein 13 septimber om 17.00 oere en dêrnei fan 18.10 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Televyzje. Ek te sjen op sneon 12 septimber om 15.35 oere en snein 13 septimber om 12.25 oere op NPO 2.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: tel. 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)