Fryske muzyk yn Eastenryk

27 aug 2014 - 11:01

Fan 1 oant en mei 5 septimber op Omrop Fryslân Televyzje

Fryske muzyk, libbensferhalen fan reisgenoaten en in wike lang nocht en wille. Dat binne de kenmerken fan it programma ‘Fryske muzyk yn Eastenryk’. Fan 1 oant en mei 5 septimber folget Omrop Fryslân in bus fol ‘hardcore’ Fryske muzykfans, twa sjongeressen en fjouwer Fryske trûbadoers op aventoer yn Eastenryk.

De fjirtich âldere jongeren yn de bus reizgje harren muzykidoalen hielendal efternei nei Westendorf. Yn dat Eastenrykske doarp wurde de fans ûnderdompele yn optredens fan Griet Wiersma, Anneke Douma, Gurbe Douwstra, Piter Wilkens, Jaap Louwes en Doede Veeman. En fansels is der ek in soad lokale ferdivedaasje. Griet Wiersma: "Fan wâldpyk nei klaaiklút, it wie in moai mengelmoeske. Dat it oeral weikomt en dochs sa gesellich by mekoar is, skitterjend!".

‘Fryske Muzyk yn Eastenryk' is fan 1 oant en mei 5 septimber fan 18:30 oere ôf, alle oeren op Omrop Fryslân Televyzje te sjen. Kom alfêst yn de stimming mei dizze ympresje fan de muzykreis: https://www.facebook.com/photo.php?v=782166011836244.

Noat foar de redaksje:
Foto: Ien fan de optredens yn Eastenryk (foto, Omrop Fryslân)
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei Jitske de Hoop (Marketing & Kommunikaasje) fia mk@omropfryslan.nl of tel. 058 299 7876 / 06 14 23 98 34.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)