Fryske media beljochtsje Kulturele Haadstêd op nij platfoarm

16 nov 2015 - 09:45

De Ljouwerter Krante, it Frysk Deiblêd, GPTV en Omrop Fryslân yntrodusearje hjoed in mienskiplik inisjatyf: ‘Finster op Fryslân’. In online platfoarm mei as reade tried de tema’s en projekten fan Kulturele Haadstêd Ljouwert-Fryslân 2018. Mei in redaksje besteande út redakteuren fan de dielnimmende media oanfolle mei professionals út de kulturele wrâld. It doel is te sykjen nei nije mediafoarmen en ûntwikkelingen dêr’t de Fryske media de takomst mei yn kinne.

De redaksje is in miks fan betûfte sjoernalisten, jonge sjoernalistike talinten en minsken út de keunst- en teaterwrâld. Sy binne op syk nei nije manieren om ferhalen te fertellen, los fan besteande publikaasjes, útstjoeringen en deadlines. By it iene projekt of tema kin bygelyks mear ynsetten wurde op mediafoarmen lykas in blog of in flog, wylst by in oar ûnderwerp keazen wurdt foar in artikel of in reportaazje yn kombinaasje mei in live debat. Sa sil der úteinlik op de site in ferskaat on multimediale ferhalen te sjen wêze.

De (Fryske) mienskip wurdt aktyf belutsen by Finster op Fryslân. Ek wurdt der gearwurke mei de temalieders en producers fan Ljouwert-Fryslân 2018. De haadredaksjes fan de dielnimmende Fryske media binne bliid mei de gearwurking. Sy ferwachtsje mei Finster op Fryslân wat taheakje te kinnen oan wat de Fryske media no al dogge.

Sjoch foar mear ynformaasje en de earste ferhalen oer Kulturele Haadstêd 2018 op: www.finsteropfryslan.frl. Finster op Fryslân wurdt mei mooglik makke troch de provinsje Fryslân.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei Piter Zwart, projektlieder Finster op Fryslân, Tel.: 058 299 77 99.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)