Frysk Voedselbankliet 'Genôch' yn premjêre

05 des 2014 - 14:29

Frysk Voedselbankliet ‘Genôch’ op 5 desimber yn premjêre gongen

Ofrûne wike binne ferskate Fryske artysten tegearre mei meiwurkers fan Omrop Fryslân yn it spier west foar in Frysk Voedselbankliet. It ferske ‘Genôch’ en de klip binne fan ‘e middei om 15:30 oere yn it programma Noardewyn Live fan Willem de Vries yn premjêre gongen. It liet is makke nei oanlieding fan de aksje ‘Samen voor de Voedselbank’.

It Frysk Voedselbankliet is in inisjatyf fan Omrop Fryslân en ynhâldlik produsearre troch Wim Brons. De tekst fan it Frysk Voedselbankliet is skreaun troch Wiebe Kaspers, Jan Tekstra en Harm van der Meer, Wiebe Kaspers is ek ferantwurdlik foar de muzyk fan it liet. De leadsang wurdt fersoarge troch Iris Kroes en Jack Bottleneck, it stik rap yn it ferske is fan Harm van der Meer. Meardere Fryske artysten wurkje mei oan it liet en mei-elkoar foarmje sy it ‘Frysk All Star Koar’. Dat koar bestiet út Tjeerd Abma, Syb van der Ploeg, Minke Adema, Johannes Rypma, Marius de Boer, Wiebe Kaspers, Johannes Veenstra, Raynaud Ritsma, Janneke Brakels, Carin Seegers, Anno van der Werf en Reinout Douma. Mar ek de meiwurkers fan de Omrop binne te hearren, sy sjonge mei yn it refrein.

De premjêre fan it Frysk Voedselbankliet is noch mar it begjin fan de grutte aksje dy’t Omrop Fryslân yn gearwurking mei in grut tal supermerken yn Fryslân fiert. Ofrûne wike binne der al ferskate aksjes yn de provinsje úteinset. Fan moandei 8 desimber ôf kinne minsken yn de dielnimmende supermerken produkten keapje dy’t op de spesjaal foar dizze aksje gearstalde boadskippelist stean. De produkten kinne tusken 8 en 19 desimber by Omrop Fryslân oan de Suderkrúswei yn Ljouwert brocht wurde of efterlitten wurde by de dielnimmende supermerk, dêr wurdt it guod weihelle.

De slotdei is op 19 desimber, op dy dei wurdt it Frysk Voedselbankliet live spile. ‘Genôch’ sil de kommende wiken geregeld te hearren wêze op Omrop Fryslân Radio. It liet is foar eltsenien beskikber en te downloaden fia de folgjende link: http://we.tl/QkRlLFY1KK. De klip fan it liet is hjir te besjen: http://youtu.be/cjHUpkTEcqY.

Sjoch foar mear ynformaasje oer de Voedselbank aksje op http://www.omropfryslan.nl/voedselbank.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)