FROEKS siket nij presintaasjetalint

29 jul 2014 - 10:00

Froeks.tv is de Fryske online jongerestjoerder. Alle dagen meitsje wy aftermovies, searjes, portretten, sketches en folgje wy de aktualiteit op in eigensinnige wize. Fia Facebook, Twitter en Youtube berikke wy in hieltyd grutter wurdende achterban en dêr binne wy grutsk op!

Wy hawwe in team fan hardcore redakteuren, flymskerpe kameraminsken en fingerflugge editors, mar.... Wy wolle noch mear fjoerwurk binnen helje mei entûsjast presintaasjetalint!

Bisto:

Tusken de 17 en 22 jier?
In pear kear yn 'e wike beskikber foar in fette presintaasjeklus?
Stiesto graach foar de kamera?
Dreamst fan presintearjen?
En praatsto Frysk?

Dan sykje wy dy!

Stjoer dyn motivaasje en CV nei redaksje@froeks.tv en wa wit noegje we dy út foar in petear en stiesto meikoarten by ús foar de kamera te shinen! Ast ècht yndruk meitsje wolst, stjoerst ek alfêst in fideo fan dysels ;)

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)