"Freonen en famylje fine myn iten altyd hiel bysûnder"

21 aug 2015 - 15:44

Tafel 18 is reservearre foar de bêste amateurkok fan Fryslân

Tal fan entûsiaste amateurkoks hawwe harren al oanmelden foar it nije televyzjeprogramma Tafel 18 fan Omrop Fryslân. Soenen dêr de mooglike winners fan Tafel 18 al tusken sitte? Of binne der noch oare talintearre Friezen dy’t yn oanmerking komme foar de titel ‘De bêste amateurkok fan Fryslân’? Oanmelde kin noch oant 28 augustus.

Yn Tafel 18 giet Omrop Fryslân yn seis ôfleverings op syk nei de bêste amateurkok fan Fryslân. Sintraal yn it programma steane streekprodukten út de eigen regio. In faksjuery út de Fryske kulinêre wrâld en it publyk bepale wa’t úteinlik de winner wurdt. Neist de titel binne der ek moaie prizen te winnen.

Brenda van der Laan hat har oanmelden foar Tafel 18. Brenda is 56 jier âld en komt út Sint Jabik. It liket har in útdaging om as kreative hobbykok mei streekprodukten gerjochten te meitsjen. “Waarom zou je je producten ver van huis halen als ze hier ook zijn?” Dêrneist mei Brenda hiel graach itensiede: “Ik kook al zolang als ik me kan herinneren. Toen ik deze oproep las dacht ik direct, dit is helemaal mijn ding!”

De 29-jierrige Frits Schutterop is ek in wiere hobbykok. Syn motivaasje om mei te dwaan oan it programma? “Ik woon op Ameland en hier koken we veel met streekproducten. Die lokale producten mogen aan de wal ook wel eens geproefd worden!”

Jildou Talman is 50 jier en wennet yn Snakkerbuorren. “Myn famylje en freonen fine it iten dat ik meitsje altyd hearlik en hiel bysûnder. Ik bin eins wol hiel nijsgjirrich om no út te sykjen oft dat ek sa is.” Mar Jildou wol ek graach wat nijs leare: “Ik wol hiel graach it programma belibje en tink dat ik fan de wedstryd en opdrachten in protte leare kin.”

Yn septimber sette de opnamen foar Tafel 18 útein.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje en eventuele ynterviews mei kandidaten of programmamakker Bart Kingma kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje: 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)