Foel Fjoer, passy yn de Fryske sport

24 jul 2017 - 14:35

Omrop Fryslân komt dizze simmer mei in nij telefyzjeprogramma: Fol Fjoer. Oer de trije grutste Fryske simmersporten: it keatsen, it skûtsjesilen en it fierljeppen. Yn alle ôfleveringen nimt in pasjonearre sportleafhawwer de sjogger mei yn de histoarje en de foarbeskôgingen fan de sport.

Nim no Durk Gjaltema, dy’t somtiden ferjit te iten by in keatswedstriid. Of Thewis Hopma dy’t de hiele simmer op de skâns te finen is. Hoe komt it dat de leafde foar de Fryske sporten sa grut is? En wêrom soe elkenien in kear by it SKS- of IFKS-skûtsjesilen, de PC of it Frysk kampioenskip fierljeppen west hawwe moatte? Yn it Omrop Fryslân telefyzjeprogramma Fol Fjoer wurde de antwurden op dy fragen socht. Mear ynformaasje oer Fol Fjoer is te finen op Omropfryslan.nl/folfjoer.

Fol Fjoer:
Freed 28 july om 18.40 oere: it keatsen
Freed 4 augustus om 18.40 oere: it SKS skûtsjesilen
Freed 11 augustus om 18.40 oere: it FK fierljeppen
Freed 18 augustus om 18.40 oere: it IFKS skûtsjesilen

Noat foar de redaksje/programma-ynformaasje
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876.

28 july, it keatsen: Durk Gjaltema (65) is al sûnt syn jeugd hielendal sljocht op keatsen. Hy hat sels in soad keatst, mar sûnt in blessuere slagget it net mear. Gjaltema sit noch hieltyd mei kop en earen yn de keatserij. Op dit stuit is hy ferantwurdlik foar it waskjen fan de shirts fan alle haadklasse keatsers. Mei in fêst plak by it fjild giet gjin haadklasse partij sûnder him foarby. Durk genietet sa fan in moaie slach dat er der pikefel fan kriget. Somtiden ferjit er sels te iten by in wedstriid: keatsen is syn libben.

4 augustus, it SKS skûtsjesilen: By Anne Tjerkstra (71) sit it skûtsjesilen yn it bloed. Hy is berne op in skûtsje en wit net better. Fan syn 10de ôf docht hy al mei oan it silen. In libben sûnder kin Anne net foarstelle. Neffens him moatte je de sport belibje en derby wêze; it fakmanskip, de striid en de famyljes, dêr genietet Anne fan. “It farren mei in skip fan mear as 17 ton, dat je dat yn ‘e macht ha en dat alles slagget; dat jout in kick”, sa seit Anne, dy’t dizze simmer meifart op it Grouster skûtsje as meitinker en adviseur.

11 augustus, it FK fierljeppen: Al mear as tweintich jier spilet ljeppen de haadrol yn syn libben. Fierljepper Thewis Hobma (33) is al fan syn 11de ôf hiele simmers by of op in skâns te finen. In wykeintsje samar fuort sit der dan ek net yn. Lykwols fynt er de sport machtich om te dwaan en is neffens him de sfear binnen de ljepwrâld goed en sportyf. "Op de skâns binne we konkurrinten, dêrneist binne we freonen". De learaar oan de Maritieme Academie yn Harns begjint wol mear rekken te hâlden mei it thúsfront; frou en twa lytse jonkjes. Yntusken heart er nammentlik ek al by de âldere generaasje topklassers, mar: "Myn bêste sprong moat noch komme, hear!" 

18 augustus, it IFKS skûtsjesilen: Doe't Sikke Heerschop (61) noch op de basisskoalle siet, wie hy altyd al te finen by de boatsjes. Syn omke Sikke hat him de leafde foar it wetter bybrocht en sûnt syn 17de is er al belutsen by it skûtsjesilen. Hy hat it fak fan de âlde Lodewijk Meeter leard. Yn de simmer draait alles om it farren by de famylje Heerschop. Sikke fynt it machtich om sa’n skip te hawwen en is der altyd mei dwaande; it opknappen yn de winter, de histoarje, de wedstriden, de sfear. “It is kicken! Mei moaie wyn, hearlik troch it wetter jeie”.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)