FK Fierljeppen en Fierljepkafee live by Omrop Fryslân

09 aug 2016 - 15:41

Hoe spannend wurdt de striid dit jier en soenen der ek nije rekôrs ljept wurde?
Op sneon 13 augustus bine de fierljeppers wer de striid mei inoar oan op it Frysk Kampioenskip Fierljeppen yn Winsum. Omrop Fryslân docht dêr wiidweidich ferslach fan op radio, telefyzje en online. Op freed 12 augustus komme jo alfêst yn de stimming yn it Fierljepkafee op Omrop Fryslân Radio, mei fierljep-toppers fan doe en no.

Fierljepkafee
It Fierljepkafee iepenet om 18.00 oere foar de tredde kear har duorren. Yn Herberch De Trijesprong yn Winsum prate presintator Gerrit de Boer en fierljepspesjalist Hendrik Murk Haanstra mei tal fan gasten. Sa skoot bygelyks Jan Ykema oan; winner fan Olympysk sulver op de 500 meter reedriden én jeugdkampioen fierljeppen. Der wurdt weromsjoen op it bjusterbaarlike FK fan 1977 mei de top trije fan doe: Evert Wilstra, Klaas Leijstra en Douwe Bult. En fansels ûntbrekke ek de hjoeddeistige toppers net mei topklassers Bart Helmholt, Oane Galama en Nard Brandsma en de top trije by de froulju: Klaske Nauta, Hiske Galama en Marrit van der Wal.

Foar de froulju is der no in nagelnije wikselpriis foar de fierste sprong fan ‘e dei. Boargemaster Johanneke Liemburg fertelt der mear oer. De Lucky Daltons soargje foar de muzikale yntermezzo’s. It Fierljepkafee is fan 18.00 oant 20.00 oere live te folgjen op ‘e radio, Omropfryslan.nl en de Omrop-app. Publyk is fan herte wolkom by it Fierljepkafee, kom dan foar 17.30 oere.

FK Fierljeppen
Foar de 60e kear wurdt der yn Winsum ljept om de Fryske titels. Mei fan dit jier ôf dus ek in wikselpriis foar de froulju. Fierder stride de famkes, jonges, junioaren en de manlju om de heechste fierljep-eare fan Fryslân. It FK Fierljeppen is sneon 13 augustus rjochtstreeks te folgjen by Omrop Fryslân. Fan 13.00 oere ôf sjocht Koos Wieling op ‘e radio al foarút op it ljeppen. Fan 13.30 oere ôf is it FK live op ‘e telefyzje mei kommentaar fan Freark Wijma en Hendrik Murk Haanstra en presintator Gerrit de Boer. De útstjoeringen binne ek te folgjen op Omropfryslan.nl en de Omrop-app en de finale ek fia Facebook.

Fierljeppen live by Omrop Fryslân
• Fierljepkafee op freed 12 augustus: fan 18.00 oant 20.00 oere op radio, Omropfryslan.nl en de Omrop-app.
• FK Fierljeppen op sneon 13 augustus: fan 13.30 oere ôf op radio, telefyzje, Omropfryslan.nl en de Omrop-app. De finale is ek op Facebook te folgjen.
• Werhelling FK fierljeppen op telefyzje: sneon 13 augustus fan 24.00 oant 02.00 oere en snein 14 augustus fan 09.00 oant 11.00 oere.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje: 058 299 7876.
Foto's: Joris Kalma

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)