FK Fierljeppen en Fierljepkafee

04 aug 2015 - 14:59

Live by Omrop Fryslân

Al sûnt 1957 wurdt yn Winsum it Frysk Kampioenskip Fierljeppen hâlden. Op sneon 8 augustus is it wer safier. Omrop Fryslân docht wiidweidich ferslach fan it FK Fierljeppen op radio, televyzje, ynternet en de Omrop-app. In dei yn it foar, op freed 7 augustus, komme fierljep-toppers fan doe en no oan it wurd yn it Fierljepkafee fan Omrop Fryslân.

Fierljepkafee
It Fierljepkafee iepenet om 18.00 oere foar de twadde kear har duorren foar de fierljepleafhawwers. Yn Herberch De Trijesprong, tichtby de fierljepskânzen, wurde alderhande fierljepûnderwerpen bepraat. Toppers fan no, sa as Bart Helmholt, Oane Galama, Thewis Hobma, Klaske Nauta, Hiske Galama en Marrit van der Wal skowe oan. Mar ek grutte nammen út it ferline, lykas Rimmer Abma, Bjinse Wolters, Catharinus Hoekstra, Gerhard Vlieger en Aart de With ûntbrekke net. De muzyk wurdt fersoarge troch Piter Wilkens.

FK Fierljeppen
Foar de 59e kear wurdt der yn Winsum ljept om de Fryske titels. Mei dit jier foar it earst ek in famkesklasse. Fierder stride de jonges, de junioaren, de froulju en de manlju om de heechste fierljep-eare fan Fryslân. De striid om de titels is sneon 8 augustus rjochtstreeks te folgjen by Omrop Fryslân fan 13.00 oere ôf op de radio en fan 14.30 oere ôf op televyzje. De útstjoerings binne ek te folgjen fia ynternet en de Omrop-app.

Fierljepkafee op freed 7 augustus:
Fan 18.00 oant 20.00 oere op radio, ynternet en de Omrop-app.

FK Fierljeppen op sneon 8 augustus:
Fan 13.00 oere ôf op ‘e radio en fan 14.30 ôf live op televyzje.
Ek te folgjen fia ynternet en de Omrop-app.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje: 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)