Finalisten Sjongfestival foar bern 2016 bekend

19 apr 2016 - 09:49

Nei trije foarrondes binne de finalisten fan alwer it tsiende Sjongfestival foar bern bekend. Njoggentjin basisskoallen út Fryslân hawwe ôfrûne wike yn ien fan de foarrondes striden om in plakje yn de finale. Fan dy njoggentjin skoallen krije no acht de kâns om yn de finale harren sjongtalint hearre te litte. De finale wurdt op freed 20 maaie hâlden yn De Lawei yn Drachten.

Oan it Sjongfestival foar bern kinne skoalbern út groep 6, 7 en 8 fan basisskoallen út Fryslân meidwaan. De trije foarrondes fûnen plak op moandei 11, tiisdei 12 en freed 15 april op ferskate plakken yn Fryslân. Neist de seis skoallen dy’t rjochtstreeks troch wienen nei de finale, binne hjoed yn it skoaltelefyzjeprogramma Tsjek ek noch twa ‘wylde kaarten’ ferdield oan skoallen dy’t neffens de sjuery ek sa goed wienen dat sy in plak yn de finale fertsjinje. De sjuery, dy’t bestie út Carin Seegers, Grytsje Melchers en Rodney Elzer liet de ûndersteande acht skoallen trochgean nei de finale.

De Balsemyn - Eastermar ‘Merke’
It Twaspan - Wynjewâld ‘Ik ha talint’
Ds. Hasperskoalle - Akkrum ‘Ien en Ien’
De Wyngert - Drachtster Kompanije ‘Keet!’
De Sprankel – Stiens ‘In hiele rare dei’
It Finster – Warkum ‘Mei juf mear muzyk’
De Mienskip – Bûtenpost ‘Do hearst der by!’
It Klimmerblêd - Sint Nyk ‘Dyn talint is ús gelok’

De finale, dy’t plak fynt op freed 20 maaie yn De Lawei yn Drachten, wurdt presintearre troch Raynaud Ritsma en Geartsje de Vries. Raynaud is bekend fan Tsjek, it skoaltelefyzjeprogramma fan Omrop Fryslân. Geartsje is bekend fan Omrop Fryslân. De sjuery fan de finale bestiet út Janneke Brakels, Krijn Jacob Dijkstra en Rodney Elzer. Janneke Brakels is sels sjongeres en jout sjongles, Krijn Jacob Dijkstra is bekend fan it sjongduo ‘Die Twa’ en Rodney Elzer hat meidien oan ‘The Voice of Holland’ en jout sjongles op basisskoallen. In oantal skoallen hat der dit jier foar keazen om mei te dwaan mei in selsskreaun nûmer. Foar dy skoallen is der in tekstpriis. De sjueryleden foar dy tekstpriis binne Sytse Broersma en Jurjen van der Meer, beide tekstskriuwers. De tekstpriis wurdt bekend makke yn de finale.

It Sjongfestival foar bern is in inisjatyf fan Cedin, Keunstwurk en Omrop Fryslân en wurdt ienris yn de twa jier organisearre. It Prins Bernhard Cultuurfonds, Arjen Witteveen Fûns, Stichting Herbert Duintjes Fonds, Stichting Woudsend, Boersma-Adema Stichting en de Lammert Koopmans Stichting stypje it Sjongfestival mei in finansjele bydrage. SAKO Friesland is pinfierder fan it Sjongfestival foar bern.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)