Fiel de Nacht: de gasten binne bekend

07 jun 2017 - 15:32

Fan 19 o/m 23 juny, alle dagen fan 21.00 oant 6.00 oere op Omropfryslan.nl

Prate oer it libben, stil wêze fan de natuer, pikerje oer it tsjuster en dreame oer de nije dei. Omrop Fryslân presintator Bart Kingma praat yn it nachtlike onlineprogramma ‘Fiel de Nacht’ mei Marijke Roskam, Jan Posthuma, Rients Ritskes, Greetje Bijma en Bearn Bilker oer harren libben en driuwfearren. Dat alles bart fan in unike lokaasje op It Amelân ôf; de uterste eastpunt, middenyn de dunen fan It Oerd.

Jan Posthuma wie derby doe't it Nederlânsk follybalteam goud wûn op de Olympyske Spelen yn Atlanta, ít sportmomint fan de 20ste iuw. Greetje Bijma stiet op de grutste ynternasjonale jazz-poadia en kin har stim behearskje as gjin oar.

Oare gasten yn Fiel de Nacht binne: Marijke Roskam, dy’t as deifoarsitter en mediatrainer grutte ûndernimmers en organisaasjes helpt better foar it ljocht te kommen. Zenmaster Rients Ritskes, dy’t managers lykas Herman Wijffels meditearjen learde en darter Raymond van Barneveld nei it wrâldkampioenskip coachte. En Bearn Bilker, dy't net allinnich boargemaster is, mar ek de grutste keningshûskenner fan Fryslân.

It is de twadde kear dat Omrop Fryslân it programma de hiele nacht livestreamt. Oan de ein fan it jier wurde de nachtlike petearen nochris gearfette ta kompakte útstjoeringen. Dy wurde om de krystdagen hinne op telefyzje útstjoerd.

Fiel de Nacht:
Fan 19 o/m 23 juny: alle dagen fan 21.00 oant 6.00 oere fia in livestream op Omropfryslan.nl en de Omrop-app. Sjoch foar mear ynformaasje oer it programma en de gasten op: Omropfryslan.nl/fieldenacht.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje, tel: 058 299 78 76.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)