Ferrassende Fryske top 100 mei nije binnenkommers

29 des 2015 - 14:40

Aldjiersdei tusken 07.00 en 18.00 oere by Omrop Fryslân

Feroaring mei nije binnenkommers, âlde bekenden en in top yn beweging. Op âldjiersdei wurdt foar de 17e kear de Fryske top 100 útstjoerd. De list fan dit jier is basearre op goed 37.500 unike stimmen, dat is in rekôr oantal stimmen. De útstjoering fan de Fryske top 100 fan 2015 is op tongersdei 31 desimber tusken 07.00 en 18.00 oere live te folgjen op alle kanalen fan Omrop Fryslân.

Opfallend oan de Fryske top 100 fan 2015 is dat der in protte nije binnenkommers binne. Der binne alve nije nûmers yn de list dit jier en dêrneist binne der fiif nûmers weromkaam dy’t al earder yn de top 100 stien hawwe. Ek yn de top 10 binne twa nije binnenkommers te finen. De grutste stigers fan 2015 binne ‘Libben nei de leafde’ fan Vangrail, fan plak 64 nei 27 en ‘Nim my mei’ fan Mink, fan plak 97 nei 60. Piter Wilkens is mei alve solo’s en ien nûmer mei SimmerTime de meast notearre artyst. De Kast komt sân kear foar yn de top 100. De 37.500 unike stimmen komme út 26 ferskillende lannen. Neist fansels Nederlân komme de stimmen benammen út Dútslân en Amearika.

De presintaasje fan de Fryske top 100 op 31 desimber is yn hannen fan Wim Brons, Geert van Tuinen en Femke de Walle. Njonken de presintaasje binne sy ek dit jier wer ûnderweis yn Fryslân om live ferslach te dwaan. Sy binne op besite by eveneminten en minsken dy’t op âldjiersdei wat bysûnders dogge. Minsken dy’t dêrfoar tips hawwe kinne kontakt opnimme fia top100@omropfryslan.nl.

De folsleine list, útsein de top 10 is te finen op: www.frysketop100.nl. De top 10 wurdt tongersdei 31 desimber tusken 16.30 en 18.00 oere bekend makke en is te folgjen op alle kanalen fan Omrop Fryslân.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)