Feest mei Bear Boeloe

09 apr 2015 - 11:25

It bernetelevyzjeprogramma Bear Boeloe fan Omrop Fryslân bestiet 20 jier. Dat wurdt fan woansdei 15 oant en mei sneon 18 april fierd mei spesjale útstjoerings en oranjekoeke.

It jierdeifeest fan Bear Boeloe begjint op woansdei 15 april mei in dei fol spesjale útstjoerings op Omrop Fryslân Radio, Televyzje en Ynternet. Op ‘e televyzje is fan moarns 7.00 oant middeis 17.00 oere in maraton-útstjoering fan Bear Boeloe-ôfleverings te sjen. Ek op ‘e radio is der de hiele dei omtinken foar Bear Boeloe mei ûnder oaren in Bear Boeloe-kwis, petearen mei de makkers en live ferslach fan Bear Boeloe’s aktiviteiten op dizze dei.

De Fryske bear traktearret dizze dagen syn lytse fans op in stikje oranjekoeke. Bern kinne by bakkerijen yn Fryslân fergees in spesjaal ‘Bear Boeloe-gebakje’ ophelje. Om it feest kompleet te meitsjen binne de bakkerijen fersierd mei Bear Boeloe guod. Bern kinne ek meidwaan oan in kleurwestriid fan Bear Boeloe en mei de bear op de foto. Sjoch foar dielnimmende bakkerijen op http://www.omropfryslan.nl/bearboeloe. De aksje wurdt mei mooglik makke troch bakkerskoöperaasje Beko Nederland en de Fryske ambachtlike bakkers.

Bear Boeloe trapet de aksje sels ôf op woansdei 15 april troch op ‘en paad te gean nei de fjouwer Fryske sikehûzen mei in berneôfdieling. Om’t de bern dy’t yn it sikehûs lizze net nei de bakker ta kinne, bringt Bear Boeloe in gebakje by harren del. Fan dat aventoer wurdt de hiele dei ferslach dien op ‘e radio en op ynternet.

Mear ynformaasje oer it feest fan Bear Boeloe is te finen op de spesjale webside http://www.omropfryslan.nl/bearboeloe. Op tiisdei 14 april skood programmamakker Feije van der Meer ek oan yn it televyzjeprogramma Bynt om werom te sjen op 20 jier Bear Boeloe en mear te fertellen oer de aksjedagen.

It berneprogramma Bear Boeloe wurdt sûnt 1995 makke foar bern troch tekeneresse en skriuwster Helena de Boer mei de stimmen fan Leny Dijkstra en Feije van der Meer. De rezjy is yn hannen fan Feije van der Meer. It jubileum fan it programma wurdt njonken de spesjale aksjedagen ek fierd mei nije ôfleveringen (sûnt 13 jannewaris op televyzje) en in Bear Boeloe-tentoanstelling yn it gebou fan Omrop Fryslân (fan maaie ôf). Ofleverings fan Bear Boeloe en oare berneprogramma’s fan Omrop Fryslân binne ek te besjen op http://www.skoal.tv/.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876.

Parse is fan herte wolkom by de besite fan Bear Boeloe oan de sikehûzen of dielnimmende bakkers. Omdat der net in soad minsken tagelyk op de berneôfdielings komme meie, moat dit ôfstimd wurde mei de sikehûzen. Wolle jo der by wêze, nim dan kontakt mei ús op fia it boppesteande telefoannûmer om de mooglikheden en tiden te bepraten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)