Eneco Tour 2016 live op Omrop Fryslân

13 sep 2016 - 10:04

Lykas foarich jier fynt de earste etappe fan de Eneco Tour 2016 plak yn Fryslân. Op moandei 19 septimber starte de hurdfytsers yn Boalsert wêrnei’t sy 184,7 kilometer troch Fryslân fytse. Omrop Fryslân is fan 15.00 oere ôf live by dy earste etappe.

De Fryske stêd is foar it twadde op ien folgjende jier it toaniel fan it begjin fan de Eneco Tour. Dit kear sil de etappe sân Fryske stêden oandwaan: Warkum, Hylpen, Starum, Sleat, Drylts, Snits en fansels Boalsert. De Eneco Tour is in wichtige tariedingskoers foar it WK yn Katar. Yn it peloton fytse in soad toppers: wrâldkampioen Peter Sagan, Olympysk kampioen Greg van Avermaet, Marcel Kittel, Mark Cavendish, Tom Boonen en Tom Dumoulin. Ek de Friezen Pieter Weening en Lieuwe Westra dogge mei.

Op moandei 19 septimber, stjoert Omrop Fryslân de etappe troch Fryslân fan 15.00 oere ôf live út op telefyzje. De útstjoering is ek te folgjen op Omropfryslan.nl en de Omrop-app. It kommentaar by de bylden wurdt fersoarge troch Koos Wieling en Andries Bakker. Ek op de radio wurdt ferslach dien fan de etappe troch Fryslân.

Earste etappe Eneco Tour 2016:
Op moandei 19 septimber fan 15.00 oere ôf op radio, telefyzje, ynternet en de Omrop-app.
Mear ynformaasje oer de Eneco Tour: Touretappe.nl/eneco-tour-2016/.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje: 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)