Eneco Tour 2015 live op Omrop Fryslân

07 aug 2015 - 14:14

Op moandei 10 augustus

De earste etappe fan de Eneco Tour 2015 fynt dit jier plak yn Fryslân. Op moandei 10 augustus starte de hurdfytsers yn Boalsert wêrnei’t sy 183,5 kilometer troch Fryslân fytse. Omrop Fryslân stjoert de etappe fan 15.00 oere ôf live út.

Sûnt 2005 wurdt jierliks de Eneco Tour ferriden troch België en Nederlân. Dizze UCI Worldtour wedstriid bestiet út sân ritten mei de finish op de Muur van Geraardsbergen yn België. Dit jier binne de start en finish fan de earste etappe yn Boalsert. By de rit troch Fryslân komme de hurdfytsers ûnder oaren by Frjentsjer, Harns, Sleat, Drylts, Starum, Hylpen en Warkum del. It is njoggen jier lyn dat de Eneco Tour foar it lêst troch Fryslân gie. Doe wûn Tom Boonen de rit.

Op snein 9 augustus is de ploegenpresintaasje fan de Eneco Tour yn Boalsert. Omrop Fryslân makket dêr reportaazjes fan foar de nijsprogramma’s Hjoed en Fryslân fan ‘e moarn. Op moandei 10 augustus stjoert Omrop Fryslân de etappe troch Fryslân fan 15.00 oere ôf live út op televyzje. De útstjoering is ek te folgjen op ynternet en de app fan Omrop Fryslân. It kommentaar by de bylden wurdt fersoarge troch Koos Wieling en Andries Bakker. Ek op de radio wurdt ferslach dien fan de etappe troch Fryslân.

Earste etappe Eneco Tour 2015:
Op moandei 10 augustus fan 15.00 oere ôf op radio, televyzje, ynternet en de Omrop-app.
Mear ynformaasje oer de Eneco Tour: http://www.touretappe.nl/eneco-tour-2015/.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje: 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)