Dreamen foar Fryslân

11 feb 2015 - 14:42

Wat is jo dream foar Fryslân? Dy fraach leit Omrop Fryslân foar oan de ynwenners fan de provinsje yn de oanrin nei de Steateferkiezings en de Wetterskipsferkiezings. Fan 11 febrewaris ôf reizgje de ‘dreamefangers’ fan Omrop Fryslân yn harren ‘dreamauto’ troch Fryslân om safolle mooglik dreamen te fangen.

Sûnder dreamen is der gjin takomst. Dêrom wurde de winsken fan Friezen sammele en nei de ferkiezings oanbean oan de politisy. Ien fan de dreamen soe samar de takomst fan de provinsje mei bepale kinne. Mei it tema ‘Dreamen foar Fryslân’ wurde ûnbekende- en bekende Friezen oproppen om harren ideaalbylden fan Fryslân te dielen.

By de Wetterskipsferkiezings komme de dreamen ek werom. Underweis troch de provinsje wurde op snein 15 maart ek de (wetter)dreamen fan Friezen garre. Dy snein stiet Omrop Fryslân de hiele dei stil by de Wetterskipsferkiezings. De mobile studio ferhuzet nei de seedyk by it Woudagemaal op ‘e Lemmer foar de spesjale útstjoering: ‘In dei op it wetter’.

Omrop Fryslân wurket gear mei de Ljouwerter Krante ûnder de namme ‘Fryslân Kiest’. Sa wurdt der op 17 maart in listlûkersdebat organisearre. Yn in live-útstjoering út it provinsjehûs wei gean de partijen mei-inoar yn debat oer de wichtige tema’s by dizze ferkiezings. En alle wurkdagen fan 2 oant en mei 16 maart stiet in listlûker sintraal. Moarns mei in portret yn de krante, jûns op ‘e radio yn in petear fan in oere mei René Koster.
Op de ferkiezingsdei sels steane de ferkiezings de hiele dei sintraal by Omrop Fryslân. Mei de opkomstsifers, de stimming by de stimburo’s en jûns in ferkiezingsútstjoering mei de lêste útslaggen. Op 19 maart is der op ‘e radio wiidweidich omtinken foar de ferkiezingsútslaggen. Jûns sjocht Omrop Fryslân yn in ekstra útstjoering werom op de ferkiezings mei de winners en de ferliezers.
Alles oer de ferkiezings en de Dreamen foar Fryslân is te finen fia de spesjale side: www.omropfryslan.nl/ferkiezings. Fansels binne dêr nei de ferkiezings ek de útslaggen te besjen.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876 / 06 14 23 98 34.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)