Dokumintêre oer de broerkes Ruben en Julian

14 maaie 2014 - 12:57

    Snein 18 maaie op Omrop Fryslân Televyzje

    Yn maaie 2013 hat de ferdwining fan de broerkes Ruben en Julian út Zeist hiel Nederlân yn ’e besnijing. Sykaksjes troch plysje, leger en frijwilligers leverje neat op. In foarbygonger fynt úteinlik de lichems fan de jonkjes by tafal yn in dûker yn de greide by Cothen. Snein 18 maaie, in jier neidat de broerkes dea fûn waarden, is in dokumintêre oer de saak te sjen. De film is makke troch RTV Utrecht en wurdt snein troch hast alle regionale omroppen útstjoerd. Snein om 16:00 oere op Omrop Fryslân Televyzje: ‘Ruben en Julian, twee weken tussen hoop en vrees’.

    It is moandei 6 maaie as de heit fan de broerkes Ruben (9) en Julian (7) út Zeist syn soannen ophellet foar in koarte fakânsje. De bern binne op dat stuit by harren mem. Heit en mem binne al in skoftke út elkoar. Sy hawwe ôfpraat dat Ruben en Julian de twadde wike fan de maaiefakânsje by harren heit binne. Tiisdeitemoarn 7 maaie wurdt de heit lykwols dea fûn yn rekreaasjegebied it Doornse Gat yn Doorn. Hy had himsels ophongen. Fan de broerkes ûntbrekt elk spoar. De plysje begjint direkt mei in grutte sykaksje. Yn earste ynstânsje liedt dy nei Súd-Limburch. Ut pingegevens falt op te meitsjen dat de heit op moandeitejûn noch tankt hat yn it Limburchske plak Neerbeek. Dagen oanien siket de plysje yn Limburch, mar nei goed in wike rjochtsje sy harren hieltyd mear op de provinsje Utert. Op snein 19 maaie komt de plysje mei it berjocht dêr’t elkenien al bang foar wie: de broerkes Ruben en Julian binne dea. Harren lichems binne middeis fûn troch in tafallige foarbygonger yn in sleat yn Cothen. Sy binne ombrocht troch harren heit.

    Yn de dokumintêre docht mem Iris foar it earst har ferhaal. In emosjoneel weromsjen op twa wiken wêryn’t har soannen spoarleas wienen. In perioade fan fertriet en wanhoop mei úteinlik in dramatyske ôfrin.

    Ruben en Julian, twee weken tussen hoop en vrees;
    Snein 18 maaie om 16:00 oere op Omrop Fryslân Televyzje.

    Noat foar de redaksje:
    Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: tel. 058 299 7876 / 06 14 23 98 34.

    Diel dit berjocht op:
    (advertinsje)
    (advertinsje)