Dizze hjerstfakânsje: Wike fan de Fryske top 100

14 okt 2015 - 08:19

Fan 19 o/m 24 oktober by Omrop Fryslân

Fertroude eleminten yn de hjerstfakânsje, mar wol mei in nij rântsje. Fan moandei 19 o/m sneon 24 oktober is it de ‘Wike fan de Fryske top 100’ by Omrop Fryslân: ekstra Fryske hits, ekstra Fryske optredens en ekstra kâns op moaie prizen. Oars as foargeande jierren is dat der net mear de hiele wike allinnich mar Fryske muzyk draaid wurdt. En noch mear fernijing dit jier: stimme kin no ek mei de Omrop-app!

Yn de Wike fan de Fryske top 100 is it offisjele startmomint fan de Fryske top 100. Moandei 19 oktober iepenet Iris Kroes de stimbus. Minsken kinne lykas oare jierren wer stimme op har favorite Fryske hit fia www.frysketop100.nl. Mar it wurdt noch makliker, stimme kin dit jier nammentlik ek fia de Omrop-app.

De Fryske muzyk is net allinnich op de radio te hearren, mar ek live yn guon húskeamers. Fia kommardel.nl kinne minsken harren opjaan foar in húskeamerkonsert fan Wiebe Kaspers, De Kast, Grytz & Grize, Weima & Van der Werf of Vangrail. Jûns is der yn it televyzjeprogramma Bynt in kompilaasje te sjen fan de hûskeamerkonserten.

Fansels falle der ek moaie prizen te winnen yn de Wike fan de Fryske top 100. Yn it radiospultsje ‘Wit de hit’ wurdt de tekst fan it iene ferske op de muzyk fan in oar nûmer setten. Dielnimmers moatte titel en artyst fan beide hits trochjaan. Minsken mei it goede antwurd meitsje kâns op in eksklusive Omrop Fryslân koptelefoan.

Sneon 24 oktober, de lêste dei fan de Wike fan de Fryske top 100, wurdt op radio, televyzje en ynternet feestlik ôfsletten mei optredens yn ‘Sneon yn Fryslân’. Presintator Wim Brons rydt troch de provinsje mei Fryske artysten Gurbe Douwstra en de Doelleazen. Sy trede op yn Snits, op It Hearrenfean en yn Drachten, tagelyk wurde der stimmen foar de Fryske top 100 ynsammele yn in grutte stimbus.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: tel. 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)