De wike fan de soarch

23 okt 2014 - 17:07

Mei yngong fan 1 jannewaris 2015 feroaret der hiel wat yn de soarch. Gemeenten en fersekerders krije mear taken en ferantwurdlikheden. De organisaasje moat oars, en der moat besunige wurde. De hiele sektor wurket hjir al in skoft oan, mar de feroarings binne foar in soad minsken no al in soarch. Omrop Fryslân dûkt djipper yn de soarch. Fan moandei 27 oktober oant en mei snein 2 novimber is der ekstra omtinken foar de soarch op de radio, televyzje en ynternet.

Hoe komt it bygelyks mei myn help yn de húshâlding? Krije mantelsoargers it noch drokker? Kin ik noch nei in fersoargingshûs? Hoe fyn ik mear ynformaasje en wa kin ik oansprekke as ik fragen haw? Op dy fragen en mear besiket Omrop Fryslân yn de wike fan de soarch antwurden te krijen. Dat docht de Omrop troch te praten mei minsken dy’t soarch krije en jouwe. Live moarns betiid op de radio en middei yn it nijs op televyzje en radio. En alles is fansels werom te finen op ynternet.

Alle dagen in kollum fan bekende Friezen oer hoe’t sy tsjin de soarch oansjogge, mei Foppe de Haan, Wini Weidenaar, Hans Anker, Herre Zonderland en Heleen Sonnenberg. Omrop Fryslân hat rom omtinken foar minsken dy’t yn de soarch wurkje. Yn Muzyk yn Bedriuw wurde de oanfragen dien troch minsken dy’t yn de soarch wurkje.

Hea! set alle dagen in persoan yn it fuotljocht dy’t mei in soad passy yn de soarch wurket. Yn Bynt giet it oer ynnovaasje yn de soarch, mei û.o reportaazjes oer it doarpshiem yn Stiens en Dementia Care Mapping.

Ek it skoaltelevyzje programma Tsjek giet dizze wike hielendal oer de soarch. Mei in reportaazje oer de broers Bauke en Rienk Eisma út Damwâld. Rienk is foar in part ferlamme en syn grutte broer Bauke moat him faker helpe.

Op de radio slút Omrop Fryslân snein 2 novimber de wike fan de soarch ôf mei Buro de Vries op lokaasje yn Sûnesz yn Drachten. Mei diskusje en it mediafoarum en ek it petear mei Krijn fan de Fryske band Die Twa oer syn wurk as muzykterapeut. Fansels is der in optreden fan Die Twa.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: tel. 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)