De Omrop op de camping en Festivette

26 aug 2015 - 15:32

De hiele simmer wie Omrop Fryslân te finen op ferskate Fryske campings en festivals mei de programma’s ‘De Omrop op de camping’ en ‘Festivette’. Dêr is dan ek folop by filme. Fan moandei 31 augustus ôf binne trije ôfleverings mei de moaiste campingferhalen te sjen. Dêrnei is op tongersdei en freed it programma Festivette te sjen, wêryn’t festivalgongers yn in estafette fan inoars festival priuwe.

De Omrop op de camping
Dizze simmer hawwe sân ferskillende radioferslachjouwers in wike op in Fryske camping stien. Alle dagen waard der ferslach dien op de radio en op social media mei filmkes en foto’s. Yn dy sân wiken binne moaie ferhalen en prachtige bylden sammele. Sa waard der in kompleet rekreaasjeteam yn it wetter smiten en weagen Brabânske toeristen harren oan in echte Fryske sport: fierljeppen. Mar ek de leafde, sûperij en skipbrekkelingen komme oan bod. Hokker minsken komme op de Fryske campings, wat binne harren ferhalen, hoe fermeitsje se harren en wa soarchje der foar dat se harren fermeitsje? It is allegear te sjen in de trije ôfleverings fan De Omrop op de camping.

De Omrop op de camping is fan moandei 31 augustus oant en mei woansdei 2 septimber om 17.20 oere en dêrnei fan 18.30 oere ôf alle oeren te sjen op Omrop Fryslân Televyzje.

Festivette
It programma Festivette hat de ôfrûne moannen op social media sjen litten hoe ryk Fryslân is oan festivals en subkultueren. Foar, op en nei de festivals waard ferslach dien op Instagram, Facebook en Twitter mei foto’s en filmkes. Yn de twa televyzje-ôfleverings fan Festivette geane fjouwer ‘diehard’ festivalgongers yn in estafette fan feest mei-inoar op ‘en paad. Alle festivalgongers litte oan in leafhawwer fan in hiel oar festival sjen wêrom’t harren eigen festival sa ‘fet’ is. Soenen sy inoars festivals mar neat fine of wurdt it just in moaie ûnderfining?

Yn de earste ôflevering giet ‘Metalhead’ Melle mei Paulus nei it sylfestival fan Snits: De Snitswike. Wêrnei’t Melle op syn beurt ‘psychedelic’ Elisabeth omtsjoent ta ‘Metalchick’. De twadde ôflevering spilet har ôf op it festival Imaginarium dêr’t ‘sylkakker’ Paulus omstapt yn de ‘fantasywrâld’ fan Signe-Sanne, dy’t dêrnei yn trance rekket op it Psy-fi festival fan Elisabeth.

Festivette is op tongersdei 3 en freed 4 septimber om 17.20 oere en dêrnei fan 18.30 oere ôf alle oeren te sjen op Omrop Fryslân Televyzje.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje: 058 299 7876. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)