De iepening fan de Elfstedenhal: live yn Bynt

09 nov 2015 - 15:59

Fan 17.20 oere ôf op Omrop Fryslân Televyzje

It iis is klear, de redens skerp, woansdei 11 novimber is it safier: de offisjele iepening fan de Elfstedenhal yn Ljouwert. Omrop Fryslân is by dat feestlik barren mei in spesjale útstjoering fan it programma Bynt, live út de nije Elfstedenhal wei.

De nije iishal fan Ljouwert is al sûnt sneon 26 septimber iepen foar publyk, mar no wurdt de Elfstedenhal offisjeel iepene. Presintator Arjen de Boer praat yn de útstjoering mei gasten Johan van der Kooi (direkteur fan de Elfstedenhal), Wiebe Wieling (foarsitter fan de Koninklijke Vereniging de Friesche Elf Steden) en Jan Roelof Kruithof (reedrider en earste toerrider dy’t oer de streek kaam yn 1997).

Roelof Lousma docht ferslach fan de (iis)flier ôf. Hy praat ûnder oaren mei it boubedriuw oer it ynnovative karakter fan de Elfstedenhal en mei Alvestedetochtwinner Henk Angenent. Fierder is in reportaazje te sjen oer de histoarje fan de Ljouwerter iishal. En natuerlik mist it ferhaal fan Wim Weenk (de nûmer lêst fan de Alvestedetocht fan 1997) net, hy docht de offisjele iepening fan de Elfstedenhal.

De iepening fan de Elfstedenhal:
Woansdei 11 novimber fan 17.20 oere ôf op Omrop Fryslân Televyzje. De live-útstjoering is ek online te folgjen fia de www.omropfryslan.nl en de Omrop-app. De útstjoering wurdt fan 18.30 oere ôf alle oeren werhelle op Omrop Fryslân Televyzje.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)