De Fytsalvestêdetocht op Omrop Fryslân

04 jun 2014 - 12:43

Fytsers live te folgjen op Pinkstermoandei op radio, televyzje en ynternet

235 kilometer traapje, tûzenen fytsers mei it swit op ‘e rech. Op Pinkstermoandei 9 juny wurdt de jierlikse Fytsalvestêdetocht holden. De tocht is wer live te folgjen by Omrop Fryslân. Mei de hiele dei ferslach op ‘e radio, middeis live bylden op Omrop Fryslân Televyzje en Omroplive.nl en jûns in spesjaal programma oer de fytsdei.

Ferslachjouwer Ilse Hermanides is de hiele dei yn Sleat om ferslach te dwaan fan it fytsevenemint. Sy praat mei de fytsers, sjocht by de stimpelposten en freget reaksjes fan it publyk. Op Omrop Fryslân Televyzje en Omroplive.nl binne fan 13:00 oant 17:30 oere live bylden te sjen fan de fytsers by de stimpelpost yn Sleat. De dielnimmers kinne dan efkes nei it thúsfront swaaie. Fan 18:20 oere ôf is der op Omrop Fryslân Televyzje in spesjale útstjoering fan de finish yn Boalsert ôf. Yn it programma is te sjen dat de fytsers oankomme en yn petear geanne mei presintator Roelof Lousma. Want hoe hawwe de fytsers de tocht belibbe? En kinne sy noch wol op harren fuotten stean? Neist de ferslachjouwing binne der ek reportaazjes te sjen fan ferskate dielnimmers, ûnder oare oer in moai stel op de tandem. Ek te sjen, hoe is it sicht fan de lisfyts ôf?

Minsken kinne op Pinkstermoandei sms’e en twitterje nei de Omrop. De ynstjoerde berjochten komme middeis foarby op televyzje. Sms’e kin nei 06-20499199 en twitterje kin fia #fyts11.

Oh, en it kin ek wêze dat de fytsers of sjoggers in bear tsjinkomme...

Fytsalvestêdetocht op moandei 9 juny 2014:
Radio : fan 08:00 oant 18:00 oere op Omrop Fryslân Radio, 92.2FM
Omroplive.nl : fan 13:00 oant 17:30 oere op www.omroplive.nl
Televyzje : fan 13:00 oant 17:30 oere op Omrop Fryslân Televyzje. De jûnsútstjoering mei dêryn in kompilaasje fan alle hichtepunten fan de dei is te sjen fan 18:20 oere ôf.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: tel. 058 299 78 76.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)