De Fytsalvestêdetocht op Omrop Fryslân

18 maaie 2015 - 15:19

Fytsers live te folgjen op radio, televyzje en online

Pinkstermoandei stiet al desennialang yn it teken fan de 235 kilometer fan de Fytsalvestêdetocht. Lykas foargeande jierren folget Omrop Fryslân de tûzenen fytsers op harren tocht. De hiele dei wurdt wiidweidich ferslach dien fan de tocht op radio, televyzje en online fia de app en de webside. Jûns stjoert Omrop Fryslân in spesjaal programma oer de fytsdei út op televyzje.

Ut syn eigen tún yn Burdaard wei docht Wim Brons moarns op radio en televyzje fan 9.00 oant 12.00 oere ferslach fan de tocht. Middeis om 13.00 oere nimt ferslachjouwer Rene Koster it stokje fan him oer en docht ferslach fan it fytsevenemint yn Sleat. Hy praat mei de fytsers, sjocht by de stimpelpost en freget reaksjes fan it publyk. Op Omrop Fryslân Televyzje en online fia de app en de webside binne oant 17.30 oere live bylden te sjen fan de fytsers yn Burdaard en by de stimpelpost yn Sleat. De dielnimmers kinne dan efkes nei it thúsfront swaaie.

Fan 18.20 oere ôf is der op Omrop Fryslân Televyzje in spesjale útstjoering by de finish út Boalsert wei. Yn it programma is te sjen hoe’t de fytsers oankomme en yn petear geane mei presintator Roelof Lousma. Want hoe hawwe de fytsers de tocht belibbe? En kinne sy noch wol op harren fuotten stean? Neist de ferslachjouwing binne der ek reportaazjes te sjen fan ferskate dielnimmers.

Minsken kinne op Pinkstermoandei sms’e, whatsappe en twitterje nei de Omrop. De ynstjoerde berjochten komme middeis foarby op televyzje. Sms’e en whatsappe kin nei 06-20499199 en twitterje kin fia #fyts11.

Fytsalvestêdetocht op moandei 25 maaie 2015:
Radio : fan 08.00 oant 18.00 oere op Omrop Fryslân Radio, 92.2FM
Online : fan 09.00 oant 17.30 oere fia de app en omroplive.nl
Televyzje : fan 09.00 oant 17.30 oere op Omrop Fryslân Televyzje. De jûnsútstjoering by de finish yn Boalsert mei hichtepunten fan de dei is te sjen fan 18.20 oere ôf.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: tel. 058 299 78 76.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)