De Fryske Muzykwike, Frysker wurdt it net!

10 okt 2014 - 14:33

De Fryske Muzykwike, Frysker wurdt it net!
De Fryske Muzykwike fan 13 o/m 18 oktober op radio, televyzje en ynternet

Alwer foar de fiifde kear stiet de hjerstfakânsje by Omrop Fryslân yn it teken fan Fryske muzyk. De hiele wike wurdt der muzyk fan Fryske boaiem op de radio draaid. Mar dat is fansels net alles, ek kommardel.nl is wer yn ‘e loft.

De Fryske muzyk is nammentlik net allinnich op de radio te hearren. It kin ek live yn ‘e húskeamer! Fia kommardel.nl kinne minsken harren opjaan foar in húskeamerkonsert fan de Doelleazen, Tet Rozendal, Sake Hijlkema, Piter Wilkens, GeDoBr en Johannes Rypma. Jûns is yn it televyzjeprogramma Bynt dêr in kompilaasje fan te sjen.

Moandei 13 oktober, de earste dei fan de Fryske Muzykwike, is ek de offisjele ôftraap fan de Fryske Top 100. De stimbus wurdt dit jier iepene troch Arend de Wrede, trainer fan it drafhynder Derek Buitenzorg. Arend bringt tagelyk syn persoanlike top 5 yn. Ferskate Fryske sporters sille him yn dizze wike folgje, lykas Wout Zijlstra, Marit Bouwmeester en Daniël Iseger. Ek is der live muzyk, Frysktalich fansels, yn Noardewyn en Radio Froskepôle.

Fansels falle der ek wer moaie prizen te winnen yn de Fryske Muzykwike. Yn it radiospultsje ‘Wit de hit’ wurdt de tekst fan it iene ferske songen op de muzyk fan in oar nûmer. Dielnimmers moatte titel en artyst fan beide hits trochjaan.

De Fryske Muzykwike wurdt op de radio feestlik ôfsluten mei in minikonsert yn ‘Sneon yn Fryslân’. De artysten dy’t optrede binne Syb van der Ploeg en Wiebe Kaspers. Dêrby wêze? Dat kin. Kaarten foar it konsert binne yn de wike sels te winnen yn it radioprogramma Noardewyn.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: tel. 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)