Byldrjochten gearfettingen SC Cambuur nei Omrop Fryslân

16 sep 2016 - 12:19

Omrop Fryslân hat de byldrjochten fan de gearfettingen fan de út- en thúswedstriden fan SC Cambuur ferkrigen. Dat betsjut dat tenei in dei nei de wedstriid de gearfetting yn Fryslân Hjoed te sjen is. Omrop Fryslân hat hjiroer oerienstimming berikt mei Veronica en FOX Sports. It giet allinnich om de byldrjochten fan de wedstriden dy’t SC Cambuur yn de Jupiler League spilet.

Haadredakteur Klaas Geert Bakker fan Omrop Fryslân is optein oer it akkoart dat Omrop Fryslân berikt hat: “Wy fine it wichtich dat wy bylden sjen litte kinne fan de wichtichste sporteveneminten yn ús provinsje. En dêr heart de Jupiler League wis by.” Neist dat de bylden fan SC Cambuur no yn Fryslân Hjoed te sjen binne giet de live ferslachjouwing op radio gewoan troch. Ek de wedstriden dy’t SC Hearrenfean spilet wurde noch hieltyd live op de radio folge.

De direksje fan SC Cambuur is bliid mei dizze ûntwikkeling. Direkteur Ard de Graaf fan SC Cambuur fynt it wichtich dat in regionale klup op dizze wize de bining mei de eigen efterbân fersterkje kin. “Wij zijn hier ontzettend blij mee. Vooral voor de regionale en lokale bedrijven die zich aan onze club verbonden hebben is het mooi dat ze op de regionale televisie exposure krijgen. En natuurlijk voor de supporters is het belangrijk dat er veel aandacht is voor hun favoriete club.”

Tenei, in dei nei de wedstriid de gearfetting yn it telefyzjeprogramma Fryslân Hjoed. Mei sneon 17 septimber de earste gearfetting om 18.00 oere. It giet om de gearfetting fan de wedstriid Fortuna Sittard - SC Cambuur. Fryslân Hjoed is op alle oeren te sjen op Omrop Fryslân Telefyzje.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje: 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)