Brassbandfestival Surventobrass live

10 jun 2016 - 15:30

Brassbandmuzyk op in oantreklike manier hearre litte oan in breed publyk. Mei dat doel steane op sneon 18 juny sân brassbands op it poadium by Surventobrass. It jierlikse festival foar brassbands yn Surhústerfean wurdt fan 17.50 oere ôf live útstjoerd fia de website en app fan Omrop Fryslân.

It is alwer de 8e edysje fan Surventobrass en dit jier dogge de folgjende brassbands mei:
De Bazuin (De Trieme/Westergeast), Blaast de bazuin (Surhústerfean), Brassband Udi (Easternijtsjerk), Greidebrass (Spannum), Brassband Excelsior (Ferwert), De Lofklank (Oerterp) en Brassband Schoonhoven A (Schoonhoven). It festival is op sneon 18 juny streekrjocht te folgjen op Omrop Fryslân op ynternet fia www.omropfryslan.nl en fia de Omrop-app. Fan 17.50 oere ôf oant likernôch 22.45 oere.

Omrop Fryslân makket ek opnamen dy’t letter te hearren binne op it Koperkanaal, www.koperkanaal.nl, de online radiostjoerder fan Omrop Fryslân foar leafhawwers fan muzyk fan harmony, fanfare en brassband. Mear ynformaasje oer Surventobrass is te finen op www.surventobrass.nl.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân. Tel. 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)