Assistent van het talent

07 des 2015 - 16:40

Yn byld binne se hast net, mar sy binne oeral: de minsken dy’t der foar soargje dat sporters (jong en âld) sporte kinne. Sadat Sytse bygelyks de kâns kriget om de nije Epke te wurden. En Kim en har teamgenoaten goed taret oan elke wedstriid begjinne. Foar al dy frijwilligers is der no de titel ‘Assistent van het talent’. Dy nije priis wurdt útrikt op it Sportgala Fryslân op 17 febrewaris 2016 en is in inisjatyf fan Omrop Fryslân en de Ljouwerter Krante.

Sport Fryslân organisearret jierliks it Sportgala Fryslan en rikt prizen út yn ferskate kategoryen, wêrûnder Sportman en Sportfrou fan it jier. Foar de kommende ferkiezing komt dêr no de priis ‘Assistent van het talent’ by. De kampanje foar de nije priis gie op 7 desimber fan start yn it televyzjeprogramma Bynt fan Omrop Fryslân. Sporttalint Wout Zijlstra jr. nominearre de earste assistint.

De assistint fan elke sporter en elk team komt yn oanmerking foar de titel. Fan de memmen dy’t der foar soargje dat de sportklean wasken wurde oant de linenlûkers op it fjild en fan de coach fan de F-kes oant de trainer fan topsporters. De assistint dy’t úteinlik troch in sjuery útroppen wurdt ta ‘Assistent van het talent’ fan Fryslân, wurdt by it Sportgala Fryslân yn it sintsje setten. Kenne jo immen dy’t de titel ‘Assistent van het talent’ fertsjinnet? Jou him of har dan op fia www.sportgalafryslan.nl. De assistinten kinne oant en mei 31 jannewaris nominearre wurde.

Fan begjin jannewaris ôf ferskynt yn de Ljouwerter Krante in rige portretten fan assistinten fan sporttalinten. Fan moandei 11 oant en mei tongersdei 14 jannewaris is yn it televyzjeprogramma Bynt fan Omrop Fryslân in rige reportaazjes te sjen wêryn’t sporters harren assistinten nominearje foar de titel. It Sportgala Fryslân fan 17 febrewaris 2016 wurdt live útstjoerd op Omrop Fryslân Televyzje. De útstjoering is ek online te folgjen.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)