Anonym en beskerme lekke nei Omrop Fryslân

17 jun 2014 - 11:51

    Omrop Fryslân slút him oan by Publeaks

    Om it foar kloklieders mooglik te meitsjen anonym en feilich ynformaasje te lekken, hat Omrop Fryslân him oansletten by Publeaks. Fia dy webside is it mooglik gefoelige ynformaasje beskerme te ferstjoeren oan de media.

    Publeaks is in inisjatyf fan in grut tal lanlike media, wêrûnder de NOS, RTL Nieuws, kranten en wykblêden. Yntusken hawwe har ek al ferskate regionale omroppen by Publeaks oansletten. De webside soarget derfoar dat elkenien feilich lekke kin nei de parse. De ôfstjoerder bliuwt folslein anonym en kin sels kieze nei hokker fan de oansletten media hy of sy de dokuminten, lûds- of byldfragminten stjoere wol. Untfangende mediaorganisaasjes kinne yn in befeilige omjouwing de bestannen ynsjen en bewurkje. It inisjatyf is bedoeld om kloklieders te beskermjen, misstannen oan ‘e kaak te stellen en ûndersykssjoernalistyk te stimulearjen en te stypjen.

    Haadredakteur Diederik Bonarius: "Omrop Fryslân wol in platfoarm wêze foar elkenien, ek as it giet om misstannen yn de maatskippij. Wy wolle dêryn ús ferantwurdlikheid nimme. Mei Publeaks biede wy minsken in manier om ús feilich en anonym te tippen oer saken."

    Publeaks makket gebrûk fan in saneamd TOR-netwurk om derfoar te soargjen dat de ôfstjoerder fan ynformaasje net te trasearjen is. By in TOR-netwurk surft in brûker oer it ynternet fia oare kompjûters. Dêrtroch is de ynformaasje oer de brûkte kompjûter en dêrmei de brûker net sichtber. De ynformaasje dy’t de kloklieder ferstjoert, wurdt dêrneist mei koades ferstjoerd. As Omrop Fryslân keazen wurdt as ûntfanger, dan is de Omrop de iennige dy’t de ‘kaai’ hat om dy ynformaasje te ûntfangen. Mocht de ynformaasje dochs troch oaren ûnderskept wurde, dan is it foar harren net mooglik it materiaal te ûntsiferjen. Publeaks hat sels ek gjin tagong ta de bestannen.

    Binne der saken dy’t jo anonym oan ‘e kaak stelle wolle, dêr’t Omrop Fryslân omtinken oan jaan moat? Stjoer de Omrop dan ynformaasje fia Publeaks, www.publeaks.nl of sjoch op www.omropfryslan.nl/publeaks.

    Noat foar de redaksje:
    Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei: Jitske de Hoop (Marketing & Kommunikaasje) fan Omrop Fryslân: tel. 058 299 7876 / 06 14 23 98 34.

    Diel dit berjocht op:
    (advertinsje)
    (advertinsje)