Alma Tadema’s dream

04 okt 2016 - 14:46

Sir Lawrence Alma Tadema, berne as Lourens yn it Fryske Dronryp, wie yn de 19e iuw in ekstreem suksesfolle skilder mei syn tablo's oer de klassike âldheid. Syn wurk beynfloedet de sinematografy oant hjoed de dei. Hy wie dreaun, perfeksjonistysk en hy hie en in noas foar rom en saaklik ynstinkt.

Alma Tadema’s frijwat swiete skilderijen mei ôfbyldingen fan Griken en Romeinen sitte hûndert jier nei syn dea yn ús kollektyf ûnbewuste. Minsken hawwe syn keunst faak wolris sjoen mar witte net dat dy skilderijen troch him makke binne.

It Fries Museum hat foar de útstalling ‘Klassieke Verleiding’ goed tachtich wurken fan de skilder gearbrocht yn de grutste Alma Tadema-tentoanstelling ea. Spesjaal omtinken is der foar de wize wêrop’t syn wurk de filmkeunst beynfloede hat.

Gastkurator Peter Trippi lit yn Londen sjen hoe't Alma Tadema wenne en wurke. Hy fertelt: ‘’Tadema knew: there is no place like London when it comes to making money’’. Marlies Stoter, konservator fan it Fries Museum, nimt Trippi mei nei it bertehûs fan de skilder yn Dronryp. Beiden binne it iens: Tadema's keunst hat in skoft út de moade west, mar is no folslein terjochte werom yn de kanon fan de keunstskiednis.

Fryslân DOK: Alma Tadema’s dream
Snein 16 oktober fan 17.00 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Telefyzje. Ek te sjen op sneon 15 oktober om 15.30 oere en snein 16 oktober om 13.05 oere op NPO 2.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: tel. 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)