Achlum Lêzing en ONFK live te folgjen

13 apr 2015 - 14:54

Live by Omrop Fryslân op 17 en 18 april

De Achlum Lêzing fan generaal bûten tsjinst Peter van Umh is freedtemiddei 17 april live te folgjen fia Omrop Fryslân Televyzje en Ynternet. De lêzing giet oer solidariteit yn de Nederlânske mienskip. Freedtejûn 17 april en sneon 18 april binne de Open Nederlandse Fanfare Kampioenschappen (ONFK) live te folgjen op ynternet. It kampioenskip foar fanfareorkesten út hiel Nederlân wurdt útstjoerd op Omroplive.nl.

De Achlum Lêzing is in inisjatyf fan ferserkerder Achmea en is neamd nei it doarp dêr’t it bedriuw goed 200 jier ferlyn oprjochte waard. De lêzing komt út de tsjerke fan Achlum wei. Sprekker Peter van Umh wie fan 2008 oant 2012 Commandant der Strijdkrachten, de heechste militêr fan de Nederlânske kriichsmacht. Sjoernalist Kustaw Bessems fan de Volkskrant jout in reaksje op de lêzing fan Van Uhm. De presintaasje is yn hannen fan presintatrise Sofie van den Enk. De Achlum Lêzing is op 17 april fan 12.00 oant 13.10 oere te folgjen op televyzje en ynternet en dêrnei giet de útstjoering noch oant ûngefear 13.45 oere troch op ynternet. Mear ynformaasje oer de lêzing is te finen op www.evenementenbijachmea.nl/achlumlezingonline.

De ONFK op 17 en 18 april wurde organisearre troch de Stichting Frysk Fanfare Festival en wurde hâlden yn De Lawei yn Drachten. Sa’n 35 orkesten, wêrûnder ferskate Fryske fanfares, dogge mei yn fiif divyzjes. Omrop Fryslân stjoert de kampioenskippen live út op Omroplive.nl op freed 17 april fan 17.00 oant 23.00 oere en sneon 18 april fan 09.30 oant 24.00 oere. Mear ynformaasje oer de dielnimmers en de wurken dy’t spile wurde, is te finen op www.onfk.nl. Omrop Fryslân makket ek opnamen dy’t letter te hearren binne op it Koperkanaal, www.koperkanaal.nl, de online radiostjoerder fan Omrop Fryslân foar leafhawwers fan muzyk fan harmony, fanfare en brassbands.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân. Tel. 058 299 7876 / 06 14 23 98 34.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)