7stêden: in moeting fan Europa's Kulturele Haadstêden

02 des 2014 - 12:55

<strong<7stêden: in="" moeting="" fan="" europa's="" kulturele="" haadstêdenIn mienskiplik mediaprojekt fan Ljouwerter Krante en Omrop Fryslân

Ljouwert is yn 2018 Kulturele Haadstêd fan Europa. Mar ús haadstêd is net de iennichste. Oant dy tiid binne noch 7 Europeeske stêden in jier lang Kulturele Haadstêd. Under de titel ‘7stêden’ komme Ljouwerter Krante en Omrop Fryslân mei in searje reportaazjes en dokumintêres oer dy oare 7 stêden. In LC-sjoernalist en programmamakker fan Omrop Fryslân reizigje mei in jonge professional út Fryslân nei ien fan de stêden. Sykjend nei geastessibben, pleatslike tema’s en ferbining.

De jonge professional siket nei geastessibben yn it plak dêr’t se binne.
De programmamakker fan Omrop Fryslân wurket mei in lokale kameraploech en de sjoernalist fan de Ljouwerter Krante hat kontakt mei in kollega fan it regionale deiblêd fan de stêd. Op www.7steden.nl binne de ferhalen fan de makkers, foto’s en de reportaazjes fan Ljouwerter Krante en Omrop Fryslân te sjen. 7stêden wurdt finansiere troch it spesjale mediafûns dat de provinsje Fryslân ynsteld hat foar mediaprojekten om Kulturele Haadstêd hinne.

De reportaazjes yn de Ljouwerter Krante en de dokumintêres by Omrop Fryslân binne te lêzen en te sjen op:

Moandei 15 desimber – Wroclaw (Poalen 2016)
Troch Bart Kingma, Kirsten van Santen en Judith Switters

Tiisdei 16 desimber – Aarhus (Denemarken 2017)
Troch Halbe Piter Claus, Jacob Haagsma en Mirjam de With

Woansdei 17 desimber - Plzen (Tsjechië 2015)
Troch Simone Scheffer, Jantien de Boer en Wiebe Kaspers

Tongersdei 18 desimber - San Sebastian (Spanje 2016)
Troch Henk te Biesebeek,Gitte Brugman en Jan Smink

Moandei 22 desimber – Bergen/Mons (België 2015)
Troch Albert Jensma, Ines Jonker en Jos van Dalfssen

Tiisdei 23 desimber – Pafos (Cyprus 2017)
Troch Wendy Kennedy, Rob Leemhuis en Tatiana Pratley

Woansdei 24 desimber -Valletta (Malta 2018)
Troch Annet Huisman, Stef Altena en Friso Visser

_________________________________________________________________________________________________________________
Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: tel. 058 299 7876.
 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)