20 jier Bear Boeloe

12 jan 2015 - 16:01

Bear Boeloe is jierdei. It televyzjeprogramma bestiet dit jier 20 jier. Bear Boeloe is it programma fan Omrop Fryslân foar bern tusken de 0 en 3 jier. Helena de Boer is de tekeneresse en skriuwster, Feije van der Meer docht de stimmen en de rezjy. Bear Boeloe syn jierdei wurdt yn 2015 ûnder oaren fierd mei gebakjes, nije ôfleverings en in tentoanstelling.

Om te begjinnen is Bear Boeloe jûn, moandei 12 jannewaris, ien fan de ûnderwerpen yn it televyzjeprogramma Bynt fan Omrop Fryslân. Helena de Boer sit oan tafel by Roelof Lousma om te praten oer it sukses fan Bear Boeloe. Want wat driuwt Helena nei al dy jierren noch om it programma te meitsjen? Nei oanlieding fan 20 jier Bear Boeloe begjinne moarn, tiisdei 13 jannewaris, spiksplinternije ôfleveringen fan Bear Boeloe. Seis wiken lang nije aventoeren fan dizze bear en syn freonen.

Yn april is der in offisjele feestwike ta eare fan Bear Boeloe syn jierdei. Yn dy wike traktearret Bear Boeloe al syn lytse fans. Alle bern kinne by de bakkerijen yn Fryslân in spesjaal ‘Bear Boeloe-gebakje’ ophelje. Fan maaie ôf is der in Bear Boeloe-tentoanstelling yn it gebou fan Omrop Fryslân. Oer alle feestaktiviteiten wurdt letter mear bekend makke.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)