18 jongeren op wei nei 2018

19 jun 2015 - 13:49

Fan moandei 22 juny ôf 18yn2018

Sy binne 18 yn 2018. De 18 jongeren dy’t in oantal jierren folge wurde foar de televyzjesearje 18yn2018. Wat binne harren takomstdreamen en ambysjes? Wêr sjogge sy harsels oer in pear jier? Yn 18yn2018 folget programmamakker Dieuwke Kroese de jongeren, dy’t no 13 of 14 jier binne, oant yn 2018. Yn de searje is te sjen hoe’t sy yn fjouwer jier opgroeie ta jonge folwoeksenen.

De dielnimmers komme út ferskate plakken yn Fryslân, fan It Amelân oant Jobbegea. It programma folget de dielnimmers yn it deistich libben. Thús, op skoalle, mar ek by de muzykles of de sportklup. Jongerein fan dizze leeftiid hawwe in protte ambysjes foar de takomst en de kommende jierren binne dan ek bepalend foar it fierdere libben.

Ferline jier binne de earste opnamen makke. Yn de searje wurde 18 dielnimmers folge: Anne-Mare Bergsma (Ljouwert), Moos van Breukelen (Kollumersweach), Leonie Rolf (Stiens), Tijn van de Kamp (It Amelân), Ilse Klijnstra (Snits), Abe-Jan van der Wal (Wynjewâld), Isabella Bootsma (Ljouwert), Ardian Zejnulahu (Ljouwert), Hilda Lageveen (Rotsterhaule), Hylke Jellema (Snits), Meyke van Zuijlen (Akkrum), Lars Bosma (Nes), Eva de Jonge (Ljouwert), Berend van der Wal (Jobbegea), Kyra de Wolff (Sint Nyk), Johan van Dijk (Aldlemmer), Morgan Spruijtenburg (Terwispel) en Robin van het Riet (Stiens). Sy steane sintraal yn de hiele searje, der komme dan ek praktysk gjin folwoeksenen oan it wurd.

Fan moandei 22 juny o/m woansdei 1 july is 18yn2018 alle jûnen te sjen fan 17.20 oere ôf. De programma’s fan Omrop Fryslân binne ek te folgjen fia de livestream op de Omrop-app en ynternet.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)