Omrop Fryslân live fan it Oranjewoud Festival ôf

Fan 1 o/m 5 juny

Omrop Fryslân docht begjin juny live bydragen fan it Oranjewoud Festival ôf, it klassike muzykfestival fan Fryslân. Ferslachjouwer Miranda Werkman is fjouwer dagen lang op it festival om mei visual radio de sjoggende harker fan Omrop Fryslân te sjen litte wat him ôfspilet op it festivalterrein.

De Omrop is derby!

It Oranjewoud Festival is in festival dêr’t in breed publyk him thús fielt: fan klassike muzyk- en kultuerleafhawwers, oant hipsters of húshâldingen mei bern. Muzikale foarstellingen fan hege kwaliteit foarmje de basis fan it festival. De leechdrompelichheid fan it festival makket it tagonklik foar in grut publyk.

Sjoch foar mear ynformaasje oer it festival op: Oranjewoudfestival.nl

(advertinsje)

Folgje it Oranjewoudfestival live

    Dizze konserten binne te sjen op Omropfryslan.nl en de Omrop-app:
    Tongersdei 1 juny om 20.30 oere: Iepeningskonsert
    Freed 2 juny om 17.00 oere: Proeftuin Classic
    Sneon 3 juny om 17.00 oere: Proeftuin Classic
    Snein 4 juny om 12.00 oere: Proeftuin Classic
    Moandei 5 juny om 16.30 oere: Slotkonsert

    Ek op radio en tv binne wy op it festival:
    Sneon 3 juny fan 9.00 oant 12.00 oere: Op & Ut

    Miranda Werkman docht live ferslach:
    Freed 2 juny fan 13.00 oant 18.00 oere: Noardewyn live en Weistra op Wei
    Sneon 3 juny fan 13.00 oant 18.00 oere: Sneon yn Fryslân
    Snein 4 juny fan 13.00 oant 18.00 oere: Snein yn Fryslân

    Klik hjir foar de livestream.

    Frjemde bewenners yn de eko-katedraal

    Weromblik op de snein

    Harm Witteveen fan de organisaasje

    17:00 oere: tiid foar in borrel

    Neist muzyk is der ek theater foar de bern

    Workshop fioele spylje

    Drummers yn Tuimelaarsbosk

    Sneon wiene it net allinnich de fûgels dy’t fan har hearre lieten yn de Tuimelaarsbosk fan Oranjewâld. “Slachwurk is it oerynstrumint fan de minsk,” seit Tatiana Koleva. Tegearre mei de slachwurkers fan de Youth Percussion Pool nimt se in groep festivalbesikers mei op in kuiertocht troch de bosk.

    “Annanas, appel, peer, banaan....druif!” Sa lit se it publyk fiele wat ritmyske patroanen yn minimal music binne. Fan Steve Reich spylje se Clapping Music for Pieces of Wood en Drumming. En tusken de beammen klinkt muzyk fan Steve Reich en Iannis Xenakis.

    Sneon op it Oranjewoud Festival

    Twa dames op ien sello

    Walsing in the woods

    Mei de golfkar fan it parkearterrein nei it festival

    "Iedereen kan djembé spelen"

    Kaarslichtconcert

    Toppianist Enrico Pace spilet by it ljocht fan hûnderd kearsen wurken fan Franz Liszt foar Nynke Heeg, syn muze foar ien nacht.
    Nynke lêst gedichten, dy’t passe by mei de romantyske “Harmonies Poétiques et réligieuses.”

    Friezen kieze Dance of the Nights as moaiste klassike stik

    Klassike muzyk rekket dy! Dêrom koenen Friezen de ôfrûne wiken stimme op harren favorite klassike muzykstik. De muzyklist waard gearstald troch it Nederlands Blazers Ensemble. Yn it programma Op & Ut op Omrop Fryslân Radio waard sneontemiddei de top trije bekend makke fan de meast favorite klassike stikken.

    1. Prokofiev “Dance of the Nights” út Romeo & Julia
    2. Bach “Mattheus Passion Ouverture”
    3. Mozart “Gran Partita”

    Moandei om 16.30 oere spilet it Nederlands Blazers Ensemble it muzykstik op it slotkonsert fan it Oranjewoud Festival. It konsert is live te folgjen fia dizze livestream.

    VanDryver live yn Op & Ut

    Underweis fan Bergen op Zoom nei Oerol

    "It liket wol in mini-fakânsje"

    We skowe oan by it moarnsbrochje fan Henry en Rob

    Sels in ynstrumint meitsje, Miranda siket it út

    Miranda yn 'e tinte by it Oranjewoud Festival

    It iepeningskonsert fan it Oranjewoud Festival

    Ferslachjouwer Miranda Werkman is it hiele wykein yn Oranjewâld

    (advertinsje)
    (advertinsje)