Fries Museum dwaande mei acht nije eksposysjes tagelyk

07 apr 2015 - 15:15
  • Yn it museum wurd hurd wurke oan it ynrjochtsjen fan sân eksposysjes
  • It is oanpoatsjen yn it museum om alles op tiid klear te krijen...

Der wurdt yn it Fries museum wurke oan acht útstallings dy't kommende sneon allegearre offisjeel iepene wurde. Dat oantal is unyk foar it museum. It giet om ûnder oare foto's oer fiskers yn it Waadgebiet, makke troch fotograaf Kadir van Lohuizen en foto's út de samling fan galeryhâlder Willem Zoetendal. Ek wurde eksposysjes ynrjochte oer Marijke Meu (Maria Louise), bern út de hongerwinter yn 1944 en Ids Wiersma.

Sân fan de acht binne yn it Fries Museum. Dy oer Maria Louise is yn it Prinsessehof yn Ljouwert.

Hiel spesjaal binne de wurken dy makke binne mei krûden út de folkstún fan de wyk Aldegalileën yn Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)