Bewenners meie wente even yn

20 okt 2013 - 14:56
  • By de brân kaam de studint Idsart Otte om it libben

Bewenners en eigeners fan troch de brân troffen gebouwen meie sneintemiddei ûnder profesjonele begelieding harren wenning of gebou yn. Dat meldt de gemeente Ljouwert. Dy seit dat it fansels wol feilich wêze moat. Meiwurkers fan Salvage gean mei de gebouwen yn. Dat is in stichting dy't direkte help ferlient nei in brân en oprjochte is troch it Verbond van Verzekeraars.

Foar de troffen bewenners wurdt foar de kommende dagen opfang regele, sei in wurdfierder fan Salvage.

Utbaatster Baukje de Vries fan de Ierske Pub Paddy O'Ryan is ien fan de minsken dy't har appartemint kwytrekke is troch de útslaande brân oan 'e Kelders yn Ljouwert. Keimpe Huging, de buorman fan it deadlik slachtoffer, wie ien fan de bewenners dy't snein wer even op syn keamer seach.

Boargemaster Crone fan Ljouwert komt fanwege de grutte brân earder werom fan fakânsje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)