'Brân net by Freestyle begûn'

20 okt 2013 - 11:39
  • Byld fan it begjin fan de grutte brân yn Ljouwert

De brân op De Kelders yn Ljouwert is net begûn yn de Freestylewinkel. Dat seit de eigener fan de saak. Neffens him is de winkel om fiif oere tichtgien en wiene der dêrnei gjin minsken mear yn.

Ut de melding fan de brânwacht docht bliken dat dy wol nei de Freestylewinkel roppen waard. Neffens de eigener wie it begjin by de neistlizzende winkel. Dy sit yn itselde pân as de Freestyle. Beide winkels giene folslein ferlern.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)