Hûs enerzyneutraal meitsje

15 okt 2013 - 10:11

Hûseigeners yn de trije Noardlike provinsjes kinne tenei in stik makliker it hûs enerzjyneutraler meitsje. De nije feriening 'Slim wonen met energie' helpt dêrby. De eigeners kinne fia de feriening yn ien kear kontakt lizze mei in grut ferskaat oan bedriuwen dy't kennis hawwe op it mêd fan enerzjybesparring. Under oare bou-, isolaasje- en ynstallaasjebedriuwen wurkje dêrfoar mei-inoar gear.

It projekt is mei betelle troch de trije Noardlike provinsjes en de gemeentes Assen, Grins en Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)