Drave is populêr

11 okt 2013 - 12:15

Mei troch de krisis nimt de hurdrinsport noch hieltyd yn populariteit ta. De Loopgroep Ljouwert, dy't dit jier 25 jier bestiet, hat trijehûndert leden en dat tal nimt ta. Omdat hurdrinne in yn ferhâlding goedkeape sport is, sizze minsken it abonnemint op de sportskoalle op en gean se te draven. Grutste flater dy't se dêrby meitsje, is dat se letterlik te hurd fan start gean en al gau blessueres oprinne.

Trefwurden: 
hurdrinne sportskoalle draven
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)