Ofskiedskonsert De Wiko's

08 okt 2013 - 16:14
  • Wiko's

It ôfskiedskonsert fan stimmingsorkest De Wiko's kin wolris mear besikers lûke as deryn kinne. Der kinne 850 minsken yn de sporthal yn Menaam, mar der soe twa oant fiif kear safolle belangstelling wêze. De foarferkeap begjint tiisdeitejûn.

De Wiko's hâlde op, om't sjonger Kobus Algra slim siik is. Tsientallen jierren lang hat de groep de feestmuzyk op merken en op brulloften bepaald. It ôfskiedskonsert op sneintemiddei 20 oktober is live te sjen op Omrop Fryslân Televyzje en op www.omroplive.nl.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)