Merke Blues by Omrop op tv

05 okt 2013 - 16:36
  • In soad doarpsbewenners wurken belangeleas mei

De doarpsfilm fan Wergea, Merke Blues, wurdt sneontejûn útstjoerd by Omrop Fryslân televyzje. Merke Blues spilet him ôf yn it fiktive doarp Litsum. It is it ferhaal fan in jonge dy't nei acht jier bûtenlân werom giet nei Fryslân om wer ris merke te fieren.

In leafdesdrama spilet him ôf, tsjin de achtergrûn fan it doarpsfeest. De film is in amateurproduksje en is makke yn 2012, yn plak fan it jierlikse iepenloftspul fan Wergea. Merkeblues wurdt yn twa dielen útstjoerd: op 5 oktober diel 1 en op 12 oktober diel 2.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)