Nije eigener Hotel Post Plaza

05 okt 2013 - 11:06
  • Hotel Post Plaza yn Ljouwert

Grand Hotel Post Plaza yn Ljouwert hat in nije eigener. It hotel It is oernommen troch hotelûndernimming Hoscom. Dy is eigener fan ûnder oare it badhotel yn Rockanje en Grand Hotel Opduin op Teksel. It is it doel dat Post Plaza ûnder de flagge fan Hoscom selsstannich operearje kin. De nije eigener sil him earst rjochtsje op it hotel en de soarch foar de gasten. Dêrnei hat hy plannen om de bûtenkant fan it âlde postkantoar te restaurearjen.

It hotel is oprjochte troch Jan Boomsma. Dy iepene it yn 2008.

Boomsma docht it no fan de hân omdat hy it om redenen fan sûnens wat kalmer oan dwaan wol.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)