Twa ferwûnen by Easterwierrum

04 okt 2013 - 11:12

By in oanriding by Easterwierrum binne tongersdei twa minsken ferwûne rekke. It giet om in 20-jierrige frou út Boazum en in man fan 49 jier út Frjentsjer. De man krige op in krusing gjin foarrang fan de frou. Alle twa rekken se ferwûne. De man waard oerbrocht nei it sikehûs, mar koe dat al ridlik gau wer nei hûs ta. De frou koe op it plak sels behannele wurde.

Beide auto's hiene grutte skea en se moasten fuortsleept wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)