De takomst fan 'e EP de Boerskoalle yn Winaam is ûnwis. Op 1 oktober moatte der 43 bern op de basisskoalle sitte. Sa't it no liket, wurdt dat tal net helle. Dat betsjut dat de jildkraan tichtgiet. Dat soe de ein betsjutte kinne fan 'e skoalle.

De skoalle yn Winaam hat mear soargen. Ferline jier desimber is de skoale as 'tige swak' omskreaun troch de ynspeksje. Op 11 juny komt de ynspeksje mei in nij rapport.


Keramykmuseum It Princessehof en Tryater krije fan de Rie foar Kultuer in stevich subsydzjebedrach. It museum krijt sels mear as dat it oanfrege hie. Der wie om goed 1,3 miljoen frege, mar it museum krijt 1,4 miljoen. De ynstelling hie gjin bedrach foar húsfesting oanfrege,. Dat is der noch by kaam.

De Ried hat bot krityk op Tryater. It neamt de oanfraach 'ûnynspirearre en gemaksuchtich'. Likegoed krijt it teaterselskip presys it bedrach dat frege wie: oardel miljoen euro.


By Bauke Vaatstra is it betrouwen groeid dat de moardner fan syn dochter Marianne ea fûn wurdt. Nei de útstjoering fan Peter R. de Vries kamen snein al sechstjin tips binnen. Nei yngeand ûndersyk fan it 3D-team hâldt de plysje der serieus rekken mei dat de moardner in bekende wie fan Marianne.

Foar heit Bauke Vaatstra wie de útstjoering in pynlyk, mar needsaaklik barren om de moardner fan syn dochter te finen. In fjoeroanstekker yn har taske mei in hier derop jou nije oanknopingspunten. De dieder moat socht wurde yn de omkriten.


Der komme yn Noard-Fryslân trije nije gemeenten. Dat hawwe deputearre steaten definityf fêststeld. Yn it Noardwesten wurde Harns, Frjentsjerteradiel, Littenseradiel, Menameradiel en it Bilt gearfoege. Ljouwerteradiel komt by Ljouwert.

Yn it Noardeasten ûntstiet ek ien nije gemeente. Dy bestiet út Ferwerteradiel, Dongeradiel, Dantumadiel en Kollumerlân. Tytsjerksteradiel en Achtkarspelen bliuwe selsstannich. De beide gemeenten sille yngeand gearwurkje.


By it iepenbier ministearje yn Ljouwert binne oant no ta tweintich tips binnenkaam oer de moard op Marianne Vaatstra. Snein wie der in útsjoering fan Peter R. de Vries oer de moard.

Nei yngeand ûndersyk fan it saneamde 3D-team hâldt de plysje der serieus rekken mei dat de moardner in bekende fan Marianne wie. De redaksje fan it televyzjeprogramma hat tips krige. Dêr sitte neffens de plysje hiel brûkbere by.


Fiif auto's binne sneintejûn meinaam nei it plysjeburo yn St. Anne nei in kontrôle mei in lûdsmjitter. Fjouwer bestjoerders krigen úteinlik in proses-ferbaal foar it skeinen fan de lûdsnoarm. Trije fan de fjouwer auto's makken sa'n soad leven mei de útlit dat ek it kentekenbewiis ynnaam is. De auto's moatte hersteld wurde. Se meie pas wer ride nei't se opnij keurd binne troch de RDW.

As in auto 4 desibel tefolle makket, wurdt it kentekenbewiis yn beslach naam. Ien fan de auto's produsearre 106 db dêr't 95 tastien is.


Sikehûs De Sionsberg yn Dokkum krijt tydlike operaasjekeamers. Dy binne nedich omdat de besteande operaasjekeamers ferâldere binne en ferfongen wurde moatte. Dat wurk duorret sawat twa jier.

Yn dy tiid wurdt operearre yn de tydlike romtes. Dy wurde fan 'e wike nei it sikehûs riden. Dat wurd nachts dien om de oerlêst foar it oare ferkear sa lyts mooglik te hâlden. De pleatsing hat gjin gefolgen foar al plande operaasjes. Dy gean gewoan troch.


De suggestje dat Marianne Vaatstra nei alle gedachten troch in bekende om it libben brocht is, is net nij. Rezjerzjeurs út it earste ûndersyksteam hâlden ek al rekken mei dat senario. Dêrom pleiten se doe ek al foar in grutskalich DNA-undersyk yn de omkriten. Marianne Vaatstra út De Westereen waard yn 1999 dea fûn yn in stik greide by Feankleaster. Se wie mei geweld om it libben brocht.

It televyzjeprogramma fan misdieferslachjouwer Peter R. de Vries gie snein oer de saak. In oanstekker mei in hier soe reden wêze foar in grut DNA-ûndersyk.


In 18-jierrige frou út Burgum is snein ferwûne rekke doe't se in hynder oan it fersoargjen wie yn Suwâld. It bist rûn har om. Hy is mooglik ek op har stean gien.

De frou rekke ferwûne by it ûngelok. Se is nei de sike-auto nei it MCL yn Ljouwert brocht.


In 62-jierrige automobilist út Ljouwert is sneintemiddei op de A32 by Idaard oer de kop slein mei de auto. De bestjoerder skatte nei alle gedachten de gong fan de auto foar him net goed yn. Hy besocht in oanriding foar te kommen troch nei rjochts te stjoeren. Dochs rekke er de auto fan achteren.

Uteinlik kaam de man mei de auto yn de berm telâne en sloech dêr oer de kop. De bestjoerder en syn passazjier binne út foarsoarch oerbrocht nei it sikehûs yn Ljouwert.


(advertinsje)

(advertinsje)

It nijs yn 1 minút

(advertinsje)

Reade Tried

Alle swangere froulju moat it rjocht hawwe om thús te befallen.
Ja, foar mem en bern is in thúsbefalling it bêste
63%
Nee, it makket foar de poppe net út wêr't it berne wurdt
16%
Nee, om ûnnedige risiko's foar te kommen moat je yn it sikehûs befalle
21%
Totaal tal stimmen: 235

Wat fine jo derfan?

readetried@omropfryslan.nl

antwurdapparaat: 058 7009 777

Of fol hjir it formulier yn.

Nijs NOS.nl