Zwart en Bijker op skot

15 okt 2012 - 13:10
  • Kuorbal

It Nederlânsk kuorbalteam ûnder de 23 jier hat ek de tredde wedstriid op it wrâldkampioenskip mei grut ferskil wûn. Tsjin Dútslân waard it 31-16. Sieta Bijker en Erwin Zwart, beide spyljend foar LDODK, diene de hiele wedstriid mei. Zwart makke njoggen doelpunten, fakgenoate Sieta Bijker kaam ta trije skoares. Yn Barcelona is tiisdei Australië de folgjende tsjinstanner. Sneon is de finale fan it WK ûnder de 23 jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)