Zwama wint Adventure Run yn nij parkoersrekôr

13 des 2014 - 18:15

De 11e edysje fan de Adventure Run op It Amelân waard sneon in proai foar Paul Zwama. Zwama sette in nij parkoersrekôr fan 1.08.45 yn de boeken. Hy wist de Belch Omar Bekkali op de einstreek krekt foar te bliuwen. Bekkali klokte in tiid fan 1.08.54. Bêste Fries wie Riekele Kobus fan AV Heerenveen, mei in tiid fan 1.14.42, goed foar it 7e plak.

By de froulju gong de winst nei Marije te Raa út Amsterdam mei 1.19.29. Immy Auck Kersbergen fan Wommels waard twadde mei 1.20.23. Ydwine van der Veen fan AV Heerenveen tredde mei 1.24.57.

De 11e edysje fan de Adventure Run krige in swarte râne fanwege it stjergefal fan in 67e jierrige dielnimmer út Veenendaal.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)