Zwaga: Training net realistysk

02 jan 2014 - 22:08

Fral ûnienichheid oer it oantal trainingsoeren, is de oarsaak fan it opstappen fan skipper Jaap Zwaga by it skûtsje fan Langwar. Zwaga wie noch mar twa simmers yn tsjinst op it skûtsje "Ut 'e Striid". Tiisdei al melde Omrop Fryslân syn opstappen, mar sawol Zwaga as de stichting Skûtsjes Doniawerstal woene doe net reagearje. No komt it bestjoer mei in ferklearring. Yn reaksje dêrop seit Zwaga dat de trainingseasken fan Langwar net realistysk binne. Hy fynt dat it bestjoer en de adviseurs har tefolle bemuoie mei syn wurk.

Foarsitter Robert van der Werf fan de skûtsjekommisje fan Langwar seit dat it opstappen fan Zwaga foar him as in ferrassing komt. Hy seit dat it bestjoer en Zwaga it meielkoar iens wiene dat der mear traind wurde moast. Moandei komt it bestjoer byelkoar om in list mei mooglike opfolgers te meitsjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)